Fûgelsang is de gebrûklike en meast gongbere oantsjutting foar de measte fokalisaasjes dy't fûgels fuortbringe. Hoewol't men fan sjongen sprekt, is dêr eins gjin sprake fan om't fûgels gjin strôtbal hawwe, mar ynstee lucht trilje litte mei de help fan membranen yn 'e syrinks. Dat is in orgaan mei in bientige struktuer dat by fûgels ûnderoan 'e luchtpiip sit (yn tsjinstelling ta de larinks (strôtbal), dy't by sûchdieren just boppe-oan 'e luchtpiip sit). Om 'e fokalisaasjes fan fûgels oan te tsjutten wurdt der ek wol sprutsen fan fluitsjen, mar ek dat is winliken gjin korrekte term, mei't fûgels gjin lippen hawwe en dus net op 'e minsklike manear fluitsje kinne. Wol spilet it iepenjen en sluten fan 'e snaffel by fûgelsang in dúdlike rol. Neutralere termen foar sokke lûden binne tsjilpen, tsjirpen en tsjotterjen. De fokalisaasjes fan guon fûgels wurde ornaris net ta fûgelsang rekkene, bgl. it keakeljen fan hinnen, it kwêkjen fan einen en it gakjen of gaggeljen fan guozzen.

In sjongende lyster (Turdus merula).
It lûd fan in sjongende lyster.

Hast alle soarten fûgels hawwe har eigen unike sang, sadat se foar soartgenoaten (mar ek foar minsken) maklik werom te kennen binne. As se it faak genôch hearre, kinne guon fûgels de sang fan oare fûgelsoarten neibeare. Yn Fryslân stiet bygelyks de protter (Sturnus vulgaris) dêrom bekend. Guon tige talintearre neibearders, lykas spotfûgels út Afrika en lierfûgels út Austraalje kinne ek fokalisaasjes fan sûchdieren imitearje, of sels meganyske lûden, lykas it gûnzjen fan in keatlingseage. Fûgelpiken leare alteast in diel fan harren sang fan harren âlden en oer generaasjes bouwe sokke details by fûgelsoarten mei in grut ferspriedingsgebiet op ta wat ornitologen "dialekten" neame.

Strikt nommen binne der twa ferskate foarmen fan fûgelsang: it eigentlike "sjongen" en de rop. It sjongen wurdt benammen yn 'e peartiid en de briedtiid brûkt en tsjinnet sawol om oan soartgenoaten fan itselde geslacht witte te litten dat dit territoarium beset is, as om in partner fan it oare geslacht te lokjen. Nei ôfrin fan 'e briedtiid binne fûgels folle stiller, oant alteast guon soarten hjerstmis wer úteinsette mei sjongen om in winterterritoarium ôf te beakenjen. Dêrby wurdt it sjongen almeast troch de mantsjes dien; yn Jeropa is it readboarstke (Erithacus rubecula) in útsûndering om't de wyfkes fan dy soarte ek sjonge. Lang tochten ornitologen dat it de regel wie dat wyfkes net sjonge, mar dat komt om't de ornitology in wittenskip is dy't yn Jeropa en Noard-Amearika staljûn is, en lit dat no krekt de beide dielen fan 'e wrâld wêze dêr't by fierwei de measte fûgelsoarten de wyfkes net sjonge. It hat lykwols bliken dien dat yn 'e rest fan 'e wrâld ornaris mantsjes en wyfkes allebeide sjonge.

In opname fan 'e sang fan 'e lierfûgel (Menura novaehollandiae), dy't dêrby de sang fan ferskate oare Australyske fûgelsoarten sekuer neibeart.

De rop is in folle koartere fokalisaasje as de sang, en bestiet út maksimaal trije eleminten (of "wurdlidden"). Eltse soarte hat roppen foar ferskate sitewaasjes, lykas in kontaktrop, in lokrop, in flechtrop, in biddelrop, ensfh. In útsûndering is de alaarmrop, dy't bestiet út in rige fluch werhelle eleminten.

Behalven fokalisaasjes bringe fûgels ek lûden fuort dy't gjin fokalisaasjes binne, en dy't sadwaande dus net ta fûgelsang rekkene wurde kinne. Men kin dan tinke oan it timmerjen fan spjochten (Picidae), it klepperjen (mei de snaffels) fan baltsende earrebarren (Ciconia ciconia) en it fluitsjen fan 'e wjukken fan in oerfleanende knobbelswan (Cygnus olor).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.