Falentinianus I

(Trochferwiisd fan Falentinianus)

Falentinianus I of Falentinianus de Grutte (Latyn: Flavius Valentinianus) (3 july 321 - 17 novimber 375) wie keizer fan it Romeinske ryk fan 26 febrewaris 364 oant 17 novimber 375.

Falentinianus I

Falentinianus waard berne yn Cibalis (tsjintwurdich Vinkovci), yn it suden fan Pannoanje. Syn heit wie Gratianus de âldere, in bekend en respektearre generaal. Falentinianus makke sels ek opgong yn it leger, hy wie kavalery-oanfierder by Julianus Apostata, doe't dy noch Caesar wie ûnder Konstantius II. Dizzen hiene lykwols in protte rûzje mei inoar, wêrtroch Falentinianus ûntslein waard út it leger troch Konstantius. Falentinianus troude twa kear; earst mei Severa, dy 't him in soan, Gratianus joech, en letter mei Jutina, dy't de mem waard fan Falentinianus II en twa dochters: Galla (de lettere frou fan Teodosius) en Justa.

Jovianus, dy't Julianus Apostata yn 364 as keizer opfolge, helle Falentinianus wêrom by it leger. Jovianus stoar lykwols op 17 febrewaris 364, en Valentinianus waard as syn opfolger keazen. It leger wie it net hielendal iens mei dizze gong fan saken, hy kaam dizze yn de mjitte troch syn broer Valens as meikeizer ta beneamen. Valens bestjoerde it easten, wylst Falentinianus it westen regeare soe fanút Milaan. Lykwols ûntstie er al gauris in opstân yn it ryk. Dizze opstân waard laat troch Prokopius, mooglik famylje fan Julianus, mar Valens koe mei syn leger de opstân delslaan. Prokopius waard eksekutearre yn 366.

Yn 367 beneamde Falentinianus syn âldste soan Gratianus, oant meikeizer. Mar dit wie gjin sukses want yn it leger ûntstie rebûlje, om't de jonge Gratianus him net ynteresseare foar militêre saken. Falentinianus koe in opstân tsjinhâlde en besike fan Gratianus in militêr te meitsjen, lykwols sûnder sukses.

Kriich tsjin de Germanen

bewurkje seksje

Falentinianus wie ûnder syn yn totaal âlve jier duorjende hearskippij drok dwaande mei alderlei fjildtochten tsjin ynfallers, benammen mei de Bourgonden, de Saksen en de Allemannen hie hy in soad te stellen. Mar hy wie lykwols tige súksesfol hjirmei en koe frede slute mei de Alamannen en harren kening Makrianus, dy't letter in goede freon fan de Romeinen wurden soe. Falentinianus liet in soad ferdigeningswurken bouwe yn Galje, omdat hy dizze provinsje hiel wichtich fûn foar it ryk.

Saksyske piraten wienen in oare bedriging ûnder Falentinianus syn regear. Dizze piraten wienen bûnsmaten fan de Pikten en de Skotten, en sy plonderje de kusten fan Brittanje en Galje. Yn 368 stjoerde Falentinianus comes Teodosius de aldere nei Brittanje ta om yn dizze provinsje de rest te werstellen. Dizze generaal wie dêr hiel súksesfol yn, en werneamde dêrnei de provinsje "Valentia", nei de twa keizers. Teodosius waard dêrnei yn 372 nei Afrika ta stjoerd om dêr de opstân fan Firmus del te slaan. Firmus die himself tekoart neidat hy fernommen hie fan Teodosius syn komst mei it leger.

Yn 374 wienen de Kwaden, in Germaanske folk dat oan de Donau libbe, lulk op 'e Romeinen om't dizzen forten boud hiene op wat sy beskôgen as harren eigen gebiet. Dat waard noch fersterke troch de moard op harren kening Gabinius, dêr't Falentinianus ferantwurdlik foar hâlden waard. De Kwuaden stutsen de Donau oer en plonderen Pannoanje. Falentinianus gong dêr yn 375 hinne om oarde op saken te stellen mei in grut leger. By in gearkomste mei in fertsjinwurdiger fan de Q Kwaden waard Falentinianus, dy't bekend stie om syn opfleanende karakter sa lulk oer harren fredesfoarstel dat er fan de opwining in hertynfarkt krige, dêr't hy oan stoar.

Dea en Neifolging

bewurkje seksje

Yn it algemien wurdt Falentianus beskôge as de lêste grutte keizer fan it West-Romeinske ryk. Hy wie in earlik en hurdwurkjend persoan, dy't skoallen stifte wylst hy sels amper lêze koe en gjin belêstingjild út joech oan ûnnutte saken, mar forten bouwe liet. It jild brûkte hy foar oare praktyske dingen, lykas fergeze medyske soarch foar de earmen minsken yn Rome. Falentinianus wie in kristen, mar ûnder syn regear hearske der frijheid fan leauwen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje