Fan Batsum
Fan Batsum is in Fryske punkgroep. De band waard oprjochte yn 1994 en spilet punkmuzyk mei Fryske teksten. Se besteane út 4 manlju: Tjamme Valk (slachreau), Willem Talsma (bas), Kees Homsma (gitaar) en Sjouke Havinga (sang). Yn 1995 hawwe se in demo opnaam mei 7 nûmers dy't fuort hurd útienset waard, en dat de basis wie foar de band. Dy demo is oeral yn goeie ierde fallen. Troch it beskate súkses fan de Demo is Fan Batsum op it Aaipopfestival foar it ljocht kaam en hawwe se mear troch Fryslân optreden. Yn 1999 kaam de band mei harren earste skyfke, Bats Bats en noch ris Bats. Dat skyfke is yn eigen behear opnaam en der steane 13 nûmers op, Ek hjir lit Fan Batsum harren eigen lûd wer hearre en sette se mei hurde flotte en oansteklike nûmers útein. Yn 2000 hat de band in toer dien mei Wartall en Jitiizer wêrby't ferskate plakken oandien binne troch hiel Fryslân. Yn 2005 binne se begûn mei nije opnamen foar de CD Bûge as Batse en hawwe se mei 2005 in singel útbracht mei it nûmer Simmer. Simmer is in protte te hearren west op Omrop Fryslân. Yn maaie 2006 is de CD útkommen en wurdt krektas syn foargonger distribuearre troch Marista. Opnamen hawwe plakfûn yn de Sing Sing studio yn Mitselwier en is produsearre troch Jan Seunnenga (Pigmeat). De lêste twa jier hat Fan Batsum har sjen litten bij û.o. Mukkes Ljouwert mei Nakse Bananen, Aaipop, it Bolwurk yn Snits, Iduna Drachten en ferskate oare plakken.
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Fan Batsum | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk | |
sjenre | Punk | |
bestean | 1994 | |
leden | ||
Sang | Sjouke Havinga | |
Gitaar | Kees Homsma | |
Bas | Willem Talsma | |
drums | Tjamme Valk |
Wurk
bewurkje seksje- Bats, Bats en nochris Bats
- Bûge as Batse