Fermanje fan Nes (It Amelân)
De Fermanje fan Nes op It Amelân is ien fan de trije mennistetsjerken dy't ea yn it doarp stien ha. De mennisten foarmje tsjintwurdich mei de grifformearden fan it eilân in federaasje. It gebou docht noch jimmeroan tsjinst as tsjerke, mar is ek troch de boargerlike gemeente oanwiisd as troulokaasje.
Fermanje | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | It Amelân | |
plak | Nes | |
adres | Fermanjepaad 1, Nes | |
koördinaten | 53° 26' 42" N 5° 46' 25" E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1843 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 7635 | |
offisjele webside | ||
Federaasje grifformearde-mennistegemeente It Amelân | ||
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOant yn de 19e iuw hiene de mennisten fan Nes trije ferskate gemeenten. Mei de gearfoeging fan dy trije gemeenten ta ien gemeente waarden twa gebouwen oerstallich, dy't ôfbrutsen waarden. De hjoeddeiske fermanje is it risseltaat fan in ferbouwing yn 1843. It tige ienfâldige sealtsjerkje hat grutte rûnbôgefinsters en in wulfdak.
Oan de tsjerke waard it saneamde Mennohûske boud, dat fierder neat mei it tsjerkegebou hat út te stean.
Sûnt 2003 wurkje de mennisten op It Amelân gear mei de grifformearden fan it eilân. Yn 2009 waard besletten in federaasje oan te gean.[1] By de federaasje hearden fjouwer tsjerken: trije mennistetsjerken yn Hollum, Ballum en Nes en ien grifformearde tsjerke yn Hollum. Oant 2013 hearde ek de Fermanje fan Ballum by de gemeente, mar dat gebou moast doe ferkocht wurde en is no in hotel. De gemeente makket wikseljend gebrûk fan de trije tsjerken Hollum en Nes.[2]
Ynterieur
bewurkje seksjeIt ynterieur hat in lytse preekstoel. Ynstee fan tsjerkebanken steane der stuollen.
Oargel
bewurkje seksjeIn piipoargel ûnbrekt yn it tsjerkje. Foar de begelieding wurdt der gebrûk makke fan in harmoanium.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|