Filipynske ein
De Filipynske ein (Anas luzonica) is in grutte einfûgel fan it skaai einen Anas. It is in endemyske soarte op 'e Filipinen en de fûgel wurdt dêr papan neamd.
Filipynske ein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anas luzonica | ||||||||||||
(Fraser, 1839) | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber | ||||||||||||
De soarte hat gjin ûndersoarten en heart mei de Hawaï-ein, de Laysanein, de wynbrau-ein en de útstoarne Marianenein ta it Pasifyske skaai fan 'e einen.
Beskriuwing
bewurkje seksjeFilipynske einen binne 48 oant 58 sm grutte opfallende einen mei in swarte krún, nekke- en eachstreek en in kanielkleurige kop en nekke. De rest fan it bealchje is griiseftich brún mei in glânzgjende griene spegel op 'e wjuk. De poatsjes binne griiseftich brún en de snaffel is blau-eftich griis. It wyfke is wat lytser as it jerkje, mar fierder wakker allyk.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe Filipynske ein komt op alle grutte Filipynske eilannen foar en acht lytsere eilannen, mar sûnt de jierren 1980 wurde de measte waarnimmings op Luzon en Mindanao dien.
De fûgel libbet yn syn ferspriedingsgebiet yn alle soarten wiet lân, mar hy jout de foarkar oan ûndjippe swietwetter sompen.
Iten
bewurkje seksjeDe ein yt garnalen, fiskjes, ynsekten en fegetaasje.
Status
bewurkje seksjeDe ein is op de Reade list fan 'e IUCN as kwestber klassifisearre. Yn 1993 waard de populaasje noch op 10.000 oant 100.000 fûgels rûsd, mar hjoed-de-dei binne dat der 3.300 oant 6.700 folwoeksen einen. Sûnt de jierren 1970 hat de soarte in soad te lijen fan biotoopferlies troch ûntwettering fan wiete gebieten, akwakultuer en it ferneatigjen fan mangroves. Dêrnjonken wie der sûnt 1960 oant fier yn 'e jierren 1980 swiere jacht op 'e ein. Dy faktoaren ha der ta laat dat de populaasje dramatysk lytser waard.
De soarte komt yn ferskillende beskerme gebieten op 'e Filipinnen foar, mar lykas yn 'e rest fan it lân wurdt de jacht ek dêr net goed hanthavene.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|