Filmfestival fan Woodstock

It Filmfestival fan Woodstock (Ingelsk: Woodstock Film Festival) is in filmfestival dat elts jier ein septimber, begjin oktober organisearre wurdt yn 'e krite fan 'e Hudsondelling yn 'e Amerikaanske steat New York. It bestiet sûnt 2000 en is bedoeld foar ûnôfhinklike films.

Filmfestival fan Woodstock
Woodstock Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat New York
plak Woodstock, Rosendale,
Saugerties, Kingston
tiid fan it jier ein sept., begjin okt.
bysûnderheden
ôfkoarting WFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 2000 – no
oprjochter Meira Blaustein
Laurent Rejto
offisjele webside
woodstockfilmfestival.org

Neiere beskriuwing bewurkje seksje

It Filmfestival fan Woodstock waard foar it earst holden yn 2000, op inisjatyf fan filmmakkers Meira Blaustein en Laurent Rejto. Sûnt wurdt it elts jier ein septimber, begjin oktober organisearre yn 'e Hudsondelling fan 'e Amerikaanske steat New York, yn 'e plakken Woodstock, Rosendale, Saugerties en Kingston. It hat de namme krigen fan it Filmfestival fan Woodstock om't dêr it kantoar fan 'e organisaasje fêstige is, en ek om't Woodstock in bekende namme is fanwegen it Muzykfestival fan Woodstock, dat dêr yn 1969 holden waard.

Op it Filmfestival fan Woodstock wurde elts jier omtrint 125 films fertoand. Dat binne ûnôfhinklike films dy't ûnderferdield binne yn kategoryen as lange live-actionfilms, lange animaasjefilms, lange dokumintêres, koarte live-actionfilms, koarte animaasjefilms, koarte dokumintêres, fideoclips, wrâldsinema en regionale films. It filmfestival omfettet fierders workshops en konserten. Filmstjerren dy't alris op it Filmfestival fan Woodstock te gast west hawwe, binne û.o. Awkwafina, Kevin Bacon, Steve Buscemi, Jennifer Connelly, Daniel Day-Lewis, Matt Dillon, Olympia Dukakis, Vera Farmiga, Woody Harrelson, Ethan Hawke, Judd Hirsch, Melissa Leo, Laura Linney, Vincent D'Onofrio, Natalie Portman, Aidan Quinn, Keanu Reeves, Tim Robbins en Mark Ruffalo.

Prizen bewurkje seksje

De prizen fan it Filmfestival fan Woodstock hjitte de Maverick Awards. Dy wurde ferjûn yn 'e folgjende kategoryen:

  • eare-Maverick (in oeuvrepriis)
  • bêste lange film
  • bêste lange dokumintêre
  • bêste koarte film
  • bêste koarte dokumintêre
  • bêste koarte animaasjefilm
  • bêste koarte film makke troch in filmstudint
  • bêste kamerarezjy (de Haskell Wexler Award)
  • bêste filmmontaazje
  • publykspriis foar bêste lange film
  • publykspriis foar bêste lange dokumintêre

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.