First Floor Features

First Floor Features, ek wol ôfkoarte ta FFF, wie in Nederlânske filmstudio, filmdistributeur en tillefyzjestudio, dy't bestie fan 1984 oant 2004. It bedriuw wie frijwol synonym mei syn oprjochters en eigners Laurens Geels en Dick Maas.

First Floor Features
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor filmstudio / tillefyzjestudio
fêstige yn Almeare (Flevolân)
oprjochte 1984
opdoekt 2004
oprjochter Dick Maas, Laurens Geels
eigner Dick Maas, Laurens Geels
offisjele webside
n.f.t.

First Floor Features waard yn 1984 oprjochte troch Laurens Geels en Dick Maas. Dyselden hiene inoar oarspronklik met op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn Frankryk. Nettsjinsteande beskate ûnderlinge ferskillen op it mêd fan smaak, besleaten de beide mannen mei-inoar yn see te gean. Harren útgongspunt by de oprjochting fan First Floor Features wie: films produsearje troch sawol saaklik as artistyk it ûnderste út 'e kanne te heljen, mar sûnder dêrby jins ûnôfhinklikens te ferliezen. Geels wie fan it begjin ôf oan fierhinne ferantwurdlik foar it saaklike riden en farren, wylst Maas it artistike sjeny wie.

De earste film dy't First Floor Features makke, wie yn 1985 Abel, ûnder rezjy fan Alex van Warmerdam, dy't útbrocht waard yn 1986. Dy film wie in grut súkses en sleepte ferskate Gouden Keallen yn 'e wacht. Itselde jiers folge Flodder, fan Maas sels, dat kommersjeel noch súksesfoller wie en mei 2,3 miljoen ferkochte bioskoopkaartsjes ien fan 'e bêst besocht Nederlânske films aller tiden waard.

Oan it begjin fan 'e 1990-er jierren besleaten Geels en Maas yn Almeare harren Film Factory te bouwen, in reuseftich filmstudiokompleks dêr't sysels en oare filmmakkers út hiel West-Jeropa tenei telâne kinne soene foar it meitsjen fan harren films. De bou koste mar leafst ƒ10 miljoen, mar de animo foar it gebrûk fan it kompleks wie in stik minder as ferwachte. De Film Factory kaam sadwaande eins nea út 'e reade sifers. De bou fan it kompeks lette, derop weromsjend, de delgong fan First Floor Features yn.

Yn 'e 1990-er jierren hie de studio noch ferskate grutte kommersjele súksessen, lykas de film Flodder in Amerika!, út 1992, de tillefyzjesearje Flodder, dy't rûn fan 1993 oant en mei 1995, mei in koarte comeback yn 1998, en de mannichfâld bekroande film Karakter, út 1997. Om út te brekken nei de ynternasjonale merk besochten Geels en Maas om Ingelsktalige films te meitsjen, mar dat wie gjin súkses. Do Not Disturb (1999) die it net goed yn 'e bioskopen, wylst Down (2001), in remake fan Maas syn debútfilm De Lift, sels in folsleine flop wie.

Wylst de finansjele swierrichheden har opsteapelen, waard de gearwurking fan Geels en Maas almar stroever. Yn 2001 stapte Maas mei rûzje út it bedriuw. Dat litte neitiid in sieltôgjend bestean oant it úteinlik yn 2004 bankrot ferklearre waard.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: