Frede fan Grave
De Frede fan Grave waard op 10 desimber 1536 tekene tusken hartoch Karel fan Gelre en keizer Karel V fan it Hillige Roomske Ryk.
De frede
bewurkje seksjeDe Frede wie it gefolch fan de Gelderske nederlaach yn de Slach by Hillegerlee fan 1536 dy't in part fan de Gelderske Krigen wie. Karel fa Gelre hie de hearskippij oer de stêd Grins, dy't de hearskippij oer it Goarjocht en it Aldamt hie, de Ommelannen, it Oerstift en in part fan Westerlauwersk Fryslân. De Arumer Swarte Heap ûnder lieding fan Grutte Pier en letter Wijard Jelckama befocht de Saksen en de Habsburgers/Boergonjers mei help fan de Geldersken. Karel V fan it Hûs Habsburch, hartoch fan Boergonje en keizer fan it Hillige Roomske Ryk, bemachtige it Westerlauwerske yn 1523 en waard hear fan Fryslân. Georg Schenk fan Toutenburch waard dêr steedhâlder. Op 5 augustus 1536 fersloech er de Geldersken by de Slach by Hillegerlee. By de Frede fan Grave dy't op 10 desimber dat jiers tekene waard, stiene de Geldersken Grins, de Ommelannen en it Lânskip Drinte, part fan de eardere Oerstift, ôf oan Karel V.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|