Frysk Kustpaad

(Trochferwiisd fan Fryske-kustpaad)
Frysk Kustpaad
Paad LAW 5-4
Uitgave
(ISBN )
Skaaimerken
Fan: Starum
Nei: Lauwerseach
Lingte: 152 km
Verbindingen:
Bzonderheden:
Fryske Kustpaad
KBHFa Starum
HST Hylpen
HST Warkum
HST Makkum
HST Wûns
eABZHSTrd E9
HST Surch
HST Harns
HST Winaam
HST Easterbierrum
HST Sint Jabik
HST Ferwert
HST Blije
HST Holwert
HST Dokkum
HST Dokkumer Nije Silen
HST De Skâns
KBHFxe Lauwerseach - E9

It Fryske Kustpaad (LAW 5-4) is in lange-ôfstân-kuierpaad mei in lingte fan 152 kilometer tusken Starum en Lauwerseach.

It is op it trajekt Ofslútdyk - Lauwerseach in ûnderdiel fan de Jeropeeske E9 fan Hendaye nei Gdansk. De rûte is yn beide rjochtingen oanjûn mei wyt-reade tekens en yn in gidske beskreaun. De rûte folget globaal, mar net altyd, de kust fan de Waadsee.

De rûte begjint yn Starum en folget de kust fan de Iselmar oant Hylpen. Fan dêr bûcht er ôf nei Warkum, Makkum en Wûns. Krekt east fan Surch is der in oansluting op de rûte oer de Ofslútdyk: fia de Ofslútdyk kin de kuierder nei De Oever rinne, dêr't it Dún- en Polderpaad lâns de Noardsee begjint. (Dizze rûte is net markearre, mar de kâns op ferdwalen is mar lyts, de rûte jout lykwols net folle ôfwikseling.)

It Fryske Kustpaad giet yn noardlike rjochting fierder nei Harns. De haadrûte giet oer Winaam nei Easterbierrum nei Sint Jabik; der is ek in koartere rûte dy't suver de hiele seedyk fan de Waadsee folget, wat de rûte sawat 5 kilometer ynkoartet. Nei Sint Jabik komt de rûte by Swarte Haan wer by de seedyk; dêrnei rint er lâns in bûtendyks kweldergebiet, dat foar drûchlizzing ornearre wie mar no de funksje fan natoergebiet hat.

De rûte giet dan wer it binnenlân yn nei Ferwert en Blije. Foar Holwert komt er wer by de seedyk. Fan Holwert rint de rûte lâns de seedyk nei de Lauwersmar.

Yn Starum slút it Fryske Kustpaad oan op it Suderseepaad. Yn Lauwerseach kin de kuierder syn paad ferfolgje fia it Waad- en Wierepaad nei Nijeskâns, of fia it Fryske Wâldenpaad nei Stienwyk. Der is ek in net-markearre rûte beskreaun fan Holwert nei Dokkum.

De rûte rint troch in betreklik tinbefolke gebiet, dêr't akkommodaasje, hoareka en winkels net altyd foarhannen binne. Oanslutings op it iepenbier ferfier besteane út stasjons yn Starum en Harns en busferbiningen yn de measte oare plakken; dy busferbinings binne lykwols faak fraachôfhinklik ferfier. It is oan te rieden om dêr by it plannen fan in meardeiske kuiertocht rekken mei te hâlden. Fierders wurdt oanjûn dat in tal trajekten lâns de seedyk net tagonklik binne foar hûnen, ek net as dy oan de riem sitte.