Fryske puzelmakkers

Fryske puzelmakkers mei publikaasjes fan Fryske wurdpuzels binne:

Frysk Puzelstipe fan Jaap Wolthuizen
55 trochsteekpuzels fan Jaap Wolthuizen

Jaap Wolthuizen

bewurkje seksje

Jaap Wolthuizen (1929 - 2017) wie de puzelfeint fan Frysk en Frij. Hjiryn ferskynde de earste Fryske puzels. Fan syn hân ferskynden de Fryske Puzelboekjes 1 en 2 (1984) mei ferskate puzelsoarten en yn datselde jier de Fryske Puzelstipe, listen mei puzelwurden. Yn 1994 ferskynde Wurdsikers mei 55 trochstreekpuzels. Sûnt 2005 ferskynden yn de Ljouwerter Krante syn deipuzels.

Durk Wiersma

bewurkje seksje

Durk Wiersma is meiwurker fan it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding yn Ljouwert. Yn 1994 ferskynde fan him it puzelboekje Puzelguod dat gearstald waard út materiaal fan it MSU.

Douwe van der Meulen

bewurkje seksje

Douwe van der Meulen is puzelmeiwurker fan de Ljouwerter Krante ( sûnt 1982 ), Friesland Post, It Fryske Gea en ferskate oare blêden yn en bûten Fryslân. Wie de gearstaller fan it Frysk Puzelwurdboek en wurke mei oan de Fryske Puzelensyklopedy.

Otto B. Wiersma

bewurkje seksje
 
Puzzelwille fan Otto B. Wiersma

Otto B. Wiersma is in IT-er op puzelgebiet. Wiersma is de puzelmeiwurker fan it Frysk Deiblêd en de technyske man efter de Fryske ynternetpuzels dy’t sûnt 2006 op de site fan de Ljouwerter Krante draaiden. Hy die dêrfan ek de korreksje. Wiersma sette mei Douwe van der Meulen de site http://www.puzel.nl op. Dêr binne harren puzels te downloaden. Hja makken tegearre ek it Fryske komjûterspultsje Wurdwiis. Otto B. Wiersma sette boppedat it Frysk Puzelwurdboek as Fryske Puzelensyklopedy yn 2002 op CD.

Puzelwille 1 is in puzelboekje mei 58 puzels yn 16 soarten en maten en is gearstald troch Otto Wiersma en Fokje Spoelstra. De puzels bestean út krúswurdpuzels, trochrinners, paspuzels en dwaaltúnpuzels yn ferskate foarmen. De antwurden stean efteryn it boekje.

It boekje is útbrocht troch T&O yn Grins dat ek it programma Puzelspul ûntwikkele hat. Hjirby kinne seis ferskillende puzelsoarten op de kompjûter oplost wurde.

Keppeling om utens

bewurkje seksje