Gene Bervoets, ek wol skreaun as Gène Bervoets (útspr. foarnamme: [ʒɛ:n], "zjên"; folút: Eugène Joanna Alfons Bervoets; Antwerpen, 26 maart 1956), is in Belgysk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur fan Flaamsk komôf. Hy is û.m. bekend fan 'e tillefyzjesearje Windkracht 10 en de film SM-Rechter. Fierders wied er ek presintator fan it kulinêre tillefyzjeprogramma Gentse Waterzooi, en song er foarhinne yn in punkband.

Gene Bervoets
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eugène Joanna Alfons Bervoets
nasjonaliteit Belgysk
berne 26 maart 1956
berteplak Antwerpen (Flaanderen)
etnisiteit Flaamsk
jierren aktyf 1979 – no
prizen Ensor 2013
offisjele webside
Gene Bervoets op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Bervoets waard yn 1956 berne yn Antwerpen. Hy folge in oplieding oan 'e Studio Herman Teirlinck, dêr't er yn 1980 in diploma behelle.

Yn 'e iere 1980-er jierren wie Bervoets oprjochter en sjonger fan 'e punkband De Plastik Bags. Fan 1986 oant 1990 wied er aktyf yn en foar Het Theater van de Derde Wereld in Europa, dêr't er Tone Brulin opfolge. Hy waard ek keazen foar it Eerste Theaterfestival yn 1987 yn Amsterdam en Antwerpen. Fierders wurke er mei oan hast alle harkspullen yn 'e rige Heerlijke Hoorspelen fan Het Geluidshuis. Yn 2012 wied er te sjen yn 'e musical De Producers.

Op 'e tillefyzje spile Bervoets yn searjes as Xenon (1984), De Legende van de Bokkerijders (1994), Recht op Recht (1999), Spangen (2001), Het Geslacht De Pauw (2004), Ella (2010-2011), Code 37 (2012), Salamander (2013) en Tabula Rasa (2017). Ek hied er gastrollen yn 'e plysjesearjes Witse (2006) en Flikken Maastricht (2013), en wied er te sjen yn Hij Komt, Hij Komt... De Intrede van de Sint (2015). Bervoets waard lykwols benammen bekend fan syn rol as Peter Segers, yn 'e Flaamske rige Windkracht 10 (1997-1998). Fierders hied er in fêste rol as Bob Dewindt yn 'e searje Kinderen van Dewindt (2005-2009).

 
Gene Bervoets.

Op it wite doek wie Bervoets foar it earst te sjen as soldaat yn 'e film Een Vrouw tussen Hond en Wolf, út 1979. Oare rollen hied er yn Crazy Love (1987), Spoorloos (1988), De Vliegende Hollander (1995), De Wachtkamer (1996), Hombres Complicados (1998), No Trains No Planes (1999), De Zaak Alzheimer (2003), SEXtet (2007), Loft (2008), De Laatste Dagen van Emma Blank (2009), Wolf (2010), Borgman (2013), Wonderbroeders (2014) en Patser (2018). Ien fan syn gruttere en bekendere rollen hie Bervoets yn 2009 yn 'e film SM-Rechter, as Koen Allegaerts.

Fierders spile Bervoets ek yn inkele koarte films, wêrûnder Dead Passion (2012) en Home Suite Home (2015). Yn 2015 hied er ek in lytse rol yn 'e Nederlânske histoaryske film Michiel de Ruyter (oer de seeheld Michiel de Ruyter), fan regisseur Roel Reiné. Yn 2018 wie Bervoets fannijs fan 'e partij doe't Reiné in twadde Nederlânske histoaryske spektakelfilm makke, yn 'e foarm fan Redbad, oer de achtste-iuwske Fryske kening Redbad.

Yn 2009 waard Bervoets nominearre foar it Gouden Keal yn 'e kategory bêste akteur. Yn 2015 wûn er yn dyselde kategory de Ensor, de wichtichste filmpriis fan Flaanderen. Njonken syn karriêre as akteur is Bervoets ek belutsen by it Belgyske radiostasjon Antwerpen FM. Fierders wied er in entûsjast dielnimmer oan it populêre muzykprogramma Het Swingpaleis.

Priveelibben

bewurkje seksje

Gene Bervoets hat fjouwer bern. Syn soan Kaena Bervoets spilet yn 'e Antwerpske rockband Paper James. Bervoets hat sûnt 2001 in relaasje mei aktrise Tine Laureyns. Hy is fierders ambassadeur foar de stifting Een Hart voor ALS, dy't him ynset foar pasjinten fan 'e spiersykte ALS.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.