Gerben Jelles Nauta
Gerben Jelles Nauta (Wâldsein, 1694 - Snits, 1757) wie in Fryske houtfiker en byldhouwer.
Nauta wie master stien- en byldhouwer yn Snits en waard bekend troch de rynsk fersierde preekstoel fan De Lemmer, dy ’t hy yn 1744-1745 makke. Hy boaske yn 1743 op 49-jierrige leeftyd yn Snits mei Trijntje Clases Oldendorp, dochter fan in Snitser seemleartouwer. Ut dit houlik binne gjin bern bekend.
Yn, nei alle gedachten, 1757 is Nauta yn Snits ferstoarn, syn wurkplak waard oernomd troch de ferneamde byldhouwer Jan fan Nijs.
Inkelde wurken
bewurkje seksjeEk it yn rokoko útfierde sânstiennen bordes fan it Stedhûs fan Snits is fan syn hân.
Koartlyn waard bekend dat ek de prachtige panielen fan de preekstoel fan de tsjerke fan Longerhou troch him makke binne.[1] Yn 1752 levere hy in wapenpaniel foar de preekstoel fan Aldegea yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|