Gerhard Willem Frijling
Gerhard Willem Frijling (Dalfsen, 26 jannewaris 1907 - dêre, 8 febrewaris 1991) wie in Nederlânsk gemeentepolitikus.[1][2]
Frijling wie assistint-notaris yn Gytsjerk, siet ynearsten foar de CHU yn de gemeenteried en waard letter wethâlder fan Tytsjerksteradiel.
Febrewaris 1941 moast er fan de fraksje ophâlde doe't bekend wurden wie dat er lid fan de NSB wie. Dat noaske de Dútske autoriteiten net en alle CHU'ers waarden út de rie set. Dêrnei waard Frijling 1 febrewaris 1942 beneamd ta boargemaster fan de gemeente Baarderadiel. Doe't boargemaster Steenhuisen fan Tytsjerksteradiel ûntslein waard, beneamde de besetter Frijling yn dy syn plak yn novimber 1943.
Nei de befrijding waard Frijling tydlik út syn amt set fanwege syn arrestaasje. Hy waard feroardiele ta twa jier finzenis mei ôftrek.[3] Nei't er frijkaam wie waard er kandidaat-notaris oan in notariskantoar yn Dalfsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|