Planten

(Trochferwiisd fan Gewaaks)

De planten (Latynske namme: Plantae) foarmje yn 'e taksonomyske yndieling fan libbene organismen in ryk, dat yn 'e mande mei de riken fan 'e bisten (Animalia), skimmels (Fungi), protisten (Protista) en guon lytsere groepen organismen it domein of bopperyk fan 'e eukaryoaten (Eukaryota) foarmet. (De eukaryoaten steane dan wer op ien hichte mei de baktearjes (Bacteria) en de oerbaktearjes (Archaea).) De biologyske stúdzje nei planten hjit plantkunde of botany.

planten
Biodiversiteit fan it planteryk.
Biodiversiteit fan it planteryk.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
supergroep: oerplanten (Archaeplastida)
ryk: planten (Plantae)
Haeckel, 1866

Planten binne rjusellige organismen dy't har ûnderskiede fan oare libbene organismen trochdat se selwanden hawwe dy't opboud binne út selluloaze, en trochdat se foar it meastepart (de fleisitende planten bûten beskôging litten) homotroof binne en dus har enerzjy streekrjocht út sinneljocht helje troch fotosynteze. Dat proses fynt plak yn 'e gloroplasten of blêdgrienkerlen dy't har har griene kleur besoargje. Beskate soarten brûke foar har eigen enerzjyfoarsjenning net fotosynteze mar gemosynteze. Oare ferskillen mei (guon) oare organismen binne dat planten har hiele libben trochgroeie en dat se har sawol geslachtlik as ûngeslachtlik fuortplantsje kinne. Planten hawwe trije basisûnderdielen: woartels, in stâle en blêden.

Taksonomyske yndieling

bewurkje seksje

Ta de planten wurde ferskate grutte groepen rekkene, wêrûnder de moassen of blêdmoassen, de levermoassen, de haumoassen, de wolvepoaten en ruskfearren, de fearplanten, de konifearen, de blomplanten en de griene algen (grienwieren en krânswieren). De koarstmoassen hearre lykwols net ta de planten, mei't dat gearwurkingsfoarmen binne fan skimmels mei blauwieren of grienwieren, en dy sadwaande ta it ryk fan 'e skimmels rekkene wurde.

Readwieren, brúnwieren en blauwieren binne likemin planten. Blauwieren wurde yndield by de baktearjes, wylst brúnwieren by de gromalveolaten (Chromalveolata) hearre, dy't yn 'e hjoeddeiske taksonomy as in lyts eukaryoatysk rykje op harsels beskôge wurde. Readwieren en guon oare lytse groepkes soene neffens moderne ynsichten mooglik op deselde hichte as de planten stean kinne yn in supergroep dy't fan oerplanten (Archaeplastida of Primoplantae) hjit. Dêrfandinne dat de planten tsjintwurdich yn wittenskiplike fermiddens ek wol griene planten (Viridiplantae) neamd wurde, om se dúdliker te ûnderskieden fan 'e oare groepen oerplanten.

De rol fan planten

bewurkje seksje

Hoewol't sekuere sifers dreech fêst te stellen binne, waard der yn 2010 rûsd dat der tusken de 300.000 en 315.000 ferskillende plantesoarten op 'e wrâld binne. De grutte mearderheid dêrfan, rûchwei 260.000 oant 290.000, bestiet út siedplanten. Planten foarmje in krúsjaal en ûnmisber diel fan 'e wrâldekology, mei't se it grutste part fan 'e beskikbere soerstof produsearje en iten foar alle heterotrofe organismen foarmje (dy't har enerzjy út 'e konsumpsje fan oare organismen helje). Sels de útslutende karnivoaren ûnder de bisten binne dochs noch yndirekt fan planten ôfhinklik om't harren proaidieren (of de proaidieren fan 'e proaidieren, ensfh.) derfan libje. Planten dy't nôt, fruchten, grienten en oare ytbere dielen produsearje, wurde al milennia lang troch de minske domestisearre. Oare planten wurde brûkt om te pronk te setten (sierplanten), en oant frij resint tsjinnen se as de boarne fan hast alle medisinen.

Klassifikaasje fan planten

bewurkje seksje
 
In jong plantsje.
Klassifikaasje fan it Planteryk
  • Boarnen, noaten en referinsjes

    bewurkje seksje
    Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.