Gielfink

(Trochferwiisd fan Gielgoars)

De gielfink, gielgoars of gieltsjert is in sjongfûgel út de famylje fan de goarzen (Emberizidae). Mei de reidmosk is de gielfink de meast foarkommende goars yn West-Jeropa.

gielfink
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje goarsfûgels (Emberizidae)
skaai goarzen (Emberiza)
soarte
Emberiza citrinella
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Frysk: gielgoars (eins in bettere namme), gielstjert, Nederlânsk: geelgors, Stellingwerfsk: geelmuske, Grinslânsk: geelgodde, Drintsk, geelbörstien, Nedersaksysk: gele gis[1]; Noardfrysk: gulsparag, göölfink, (Noard-)Nederdútsk: geelborstje, geel lüüntje, Dútsk: Goldammer, Engelsk: Yellowhammer

De gielfink is in stânfûgel en trekfûgel. Likernôch 16 cm, d.w.s. wat grutter als in mosk. De kleur is yn haadsaak giel en brún. Yn it briedseizoen is it mantsje giel mei in felgiele kop. It wyfke is ûnopfallend grien-brún mei in giele ûnderkant. Bûten it briedseizoen likje de mantsjes op de wyfkes. De gielfink sjongt op hege posysjes, en it karakteristyke deuntje klinkt as 'ti-ti-ti-ti-tsjê', sa as it motyf fan de 'fyfte' fan Beethoven.

 
Aaien fan gielfink

Iten en fuortplanting

bewurkje seksje

De gielfinken iten meast sieden, mar yn it briedseizoen ek en foaral ynsekten. It nest meitsje de fûgels fan raaien en gers op de grûn tusken hege planten en struken. It wyfke leit 4-5 ljochte, flekte aaien, dy 't de beide âlden fersoargje. De briedtiid is 12-14 dagen en de jongskes wurde ek troch beide âlden opbrocht.

Fersprieding

bewurkje seksje

De gielfink komt yn grutte dielen fan Noard- en Midden-Jeropa en West-Aazje foar, en kent trije ûndersoarten:

  • Emberiza citrinella caliginosa: Britske Eilannen
  • Emberiza citrinella citrinella: Fastelân fan Midden- en Noard-Jeropa, Balkan,
  • Emberiza citrinella erythrogenys: East-Jeropa, Sibearje, Kaspysk gebiet.

Ta likernôch 1990 gong de gielfink in hiel Nederlân efterút. Yn it Westen is hy ferdwûn. Op de sângrûnnen yn it Easten hat hy jin hânhâld en foaral yn it Noard-Easten (Drinte, East-Grinslân) binne de oantallen briedfûgels wer tanommen. Yn 2013-2015 wiene der sa'n 20.000-30.000 briedpearen en sa'n 70.000-85.000 wintergasten. Yn Súdeast-Fryslân is de gielfink in algemiene fûgel, mar yn it Noarden en Westen fan de provinsje is hy seldsum.

  1. https://nds-nl.wikipedia.org/wiki/Gele_gis Wikipedia Nedersaksysk

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Sovon, Geelgors

Gielfink yn 50 talen