Goarsfûgels

(Trochferwiisd fan Goarzen)

De goarsfûgels of goarzen foarmje in famylje fan sjongfûgels fan de Âlde Wrâld (Jeropa, Aazje, Afrika) yn it skift fan de moskeftigen. De famylje hat mar ien skaai: Emberiza (goarzen). Foarhinne waarden ta de goarzefamylje ek de goarseftigen fan de Nije Wrâld (de Amearika’s) rekkene, mar dy binne as aparte famylje Passerellidae (Amerikaanske goarzen) ôfsplist. Ek de iisfink en de sniefink, dy't fuorhinne by de goarsfûgels rekkene waarden, binne no yn in eigen famylje snie- en iisfinken (Calcariidae) ûnderbrocht. De goarzen binne yn guon dingen ferlykber mei de finken, en inkelde goarssoarten wurde yn it Frysk ek 'fink' neamd.

Goarsfûgels
Gielfink (Emberiza citrinella)
Gielfink (Emberiza citrinella)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje: (Passeroidea)
famylje: goarsfûgels (Emberizidae)
skaai: goarzen (Emberiza)
Linnaeus, 1758 (skaai); Vigors, 1825 (famylje)

Foarkommen en iten

bewurkje seksje

De goarzen binne yn it algemien lytse, yn haadsaak brune fûgeltsjes, faak streekt oan de boppekant. De foar- en ûnderkante kinne griis, wyt, giel, readeftich of swarteftich wêze. De kop fan it mantsje is faak swart-wyt of swart-giel streekt, en dêrom wurde de pleatselik bekende soarten yn it Afrikaansk 'Streepkoppies' neamd. De goarzen hawwe yn koarte, stevige, puntige snaffel. Bûten it briedseizoen binne de meast goarzen siediters; yn it briedseizoe libje sy foaral fan ynsekten.

Fersprieding

bewurkje seksje

De goarzen libje meast yn iepen of healiepen terreinen: gerslân, reidlân, somplân, strúken, savannen en boskiggen. De measte goarssoarten nimme yn oantal of, en bygelyks de wylgegoars (E. aureola) is slim bedrige. De noardlikste soarten, dy ’t ek in Laplân en Noard-Sibearje foarkomme, binne de gielfink, wytkopgoars, lytse goars, boskgoars en reidmosk. De yn Nederlân, en Fryslân, meast foarkommende soarten binne de gielfink en de reidmosk.

Famylje- en skaaiopbou

bewurkje seksje

De famylje hat 44 soarten. Sy wurde allegear ta it skaai Emberiza rekkene, mar sommige waarden (en wurde fan en ta noch) ta aparte skaaien rekkene: Miliaria, Fringillaria en Schoeniclus.

Keppelings om utens

bewurkje seksje