De nôtfink of nôtmosk (Emberiza hortulana; Nederlânsk: ortolaan) is lid fan de famylje goarsfûgels (Emberizidae). Yn West-Europa wurdt de fûgel allinne yn de simmer sjoen, omdat er besuden de Sahara oerwintert. De fûgel mei graach oer it lytsskalige agraryske lânskip sa't dat yn Nederlân net mear bestiet, mar noch wol yn Mids- en Súd-Europa.

nôtfink
mantsje
wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje goarsfûgels (Emberizidae)
skaai goarzen (Emberiza)
soarte
Emberiza hortulana
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast

 
Aaien fan 'e nôtfînk.

It mantsje ûnderskiedet him fan de oare Goarsfûgels mei in griisgrienige kop, in giele burdstreek en syn oranje ûnderkant. De nôtfink is 15-16 cm lang, hat in spanwiidte fan 22-26 cm en waacht 21-27 gram. Lykas oare lytse fûgels libbet er mar koart, sa'n 2 oant 3 jier. De nôtfink yt foaral ynsekten en rûpen, mar ek sied sa as nôtkerrels.

Yn Nederlân

bewurkje seksje

De nôtfink is suver útstoarn yn Nederlân. Trekfûgels út Sweden wurde fral yn it neijier, mar ek yn april en maaie, noch wol sjoen troch betûfte fûgeltsjeminsken.[1]
Begjin 20e iuw kaam de nôtfink noch rûnom yn Nederlân foar. Om 1950 hinne wiene der noch 1200-1700 pearkes. Yn 1975 waard it bestân rûsd op 190-225 pear en om 1990 wiene der noch mar 30. It oantal briedpearen nei 2000 giet hinne en wer tusken de 0 (yn 2001, 2005 en 2006) en 2.[2] De soart stiet (noch) as 'feilich' op de ynternasjonale IUCN-reade list. De soarte is earst yn 2004 as tige bedrige op de Nederlânske reade list set. Sûnt 2016 jildt de nôtfink as ferdwûn.

Sûnt septimber 2007 is it fangen fan nôtfinken yn Frankryk ferbean.[3] De nôtfink stiet yn de bylage III fan de Konvinsje fan Bern.

  • De nôtfink wurdt beskôge as de personifikaasje fan de siel fan Frankryk. Dêrom waard in nôtfink servearre by it lêste miel fan François Mitterrand as presidint fan Frankryk .
  • De Ortolaan is ek de titel fan in novelle fan Maarten 't Hart (boekewikepresint 1984).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bijlsma, R.G., F. Hustings & C.J. Camphuysen, 2001. Avifauna van Nederland 2. ISBN 90-74345-21-2
  2. SOVON Verspreiding en aantalsontwikkeling van de ortolaan in Nederland
  3. Telegraph Songbird delicacy is outlawed