Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje

De Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje (Ingelsk: Golden Globe Award for Best Motion Picture – Musical or Comedy) is in Amerikaanske priis op it mêd fan films, dy't sûnt 1952 elts jier ein jannewaris útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele lange musicalfilm of komeedzjefilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Golden Globes, dy't útrikt wurde troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) by in útrikkingsseremoanje yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills. De Golden Globes omfiemje twa prizen foar spylfilms; de oare is de Golden Globe foar Bêste Film – Drama.

Golden Globe foar
Bêste Film – Musical of Komeedzje
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar bêste lange musicalfilm of
   komeedzjefilm
útrikt troch HFPA
frekwinsje 1x yn 't jier
datum jannewaris
plak Beverly Hills (Kalifornje)
ynsteld 1951
1e útrikking 1952
offisjele webside
www.goldenglobes.com

De Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje waard yn 1951 (foar de útrikking yn 1952) troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) ynsteld om't men fûn dat de priis foar bêste film, dy't yn 1943 ynsteld wie, te faak nei in dramafilm gie. Oarsoartige films, benammen komeedzjefilms en musicals, rekken dêrtroch ûnderbeljochte. Nei twa jier in aparte priis foar dat soarte films útrikt te hawwen, waard it by de útrikking fan 1954 (foar films út 1953) dochs nochris besocht mei ien priis foar bêste film, mar dat waard gjin súkses. Sadwaande kaam de priis foar bêste musical of komeedzje by de útrikking fan 1955 werom.

By de útrikkings fan 1959 oant en mei 1963 (foar films út 'e jierren 1958 oant en mei 1962) waard de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje opspjalte yn twa aparte prizen foar twa ûnderskate kategoryen: de Golden Globe foar Bêste Film – Komeedzje en de Golden Globe foar Bêste Film – Musical. By de útrikking fan 1964 (foar films út 1963) waard dy fernijing lykwols weromdraaid. Sûnt hat der altyd ien priis west foar musicals en komeedzjefilms.

Gadingmakkers

bewurkje seksje

Om gading te meitsjen op 'e Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje moat in film in spyldoer hawwe fan teminsten 70 minuten, en yn Los Angeles en omkriten teminsten sân dagen lang yn 'e bioskopen draaid hawwe. Fierders komme inkeld Ingelsktalige films yn oanmerking foar de priis.

De Golden Globes wurde útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Golden Globes oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1951", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 1952.

jier lân winner regisseur
1951   An American in Paris Vincente Minnelli
1952   With a Song in My Heart Walter Lang
1953 gjin Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje takend
1954   Carmen Jones Otto Preminger
1955   Guys and Dolls Joseph L. Mankiewicz
1956   The King and I Walter Lang
1957   Les Girls George Cukor
jier kategory lân winner regisseur
1958 komeedzje   Auntie Mame Morton DaCosta
musical   Gigi Vincente Minnelli
1959 komeedzje   Some Like It Hot Billy Wilder
musical   Porgy and Bess Otto Preminger
1960 komeedzje   The Apartment Billy Wilder
musical   Song Without End George Cukor en Charles Vidor
1961 komeedzje   A Majority of One Mervyn LeRoy
musical   West Side Story Robert Wise en Jerome Robbins
1962 komeedzje   That Touch of Mink Delbert Mann
musical   The Music Man Morton DaCosta
jier lân winner regisseur
1963   Tom Jones Tony Richardson
1964   My Fair Lady George Cukor
1965   The Sound of Music Robert Wise
1966   The Russians Are Coming, the Russians Are Coming Norman Jewison
1967   The Graduate Mike Nichols
1968   Oliver! Carol Reed
1969   The Secret of Santa Vittoria Stanley Kramer
1970   M*A*S*H Robert Altman
1971   Fiddler on the Roof Norman Jewison
1972   Cabaret Bob Fosse
1973   American Graffiti George Lucas
1974   The Longest Yard Robert Aldrich
1975   The Sunshine Boys Herbert Ross
1976   A Star Is Born Frank Pierson
1977   The Goodbye Girl Herbert Ross
1978   Heaven Can Wait Warren Beatty en Buck Henry
1979   Breaking Away Peter Yates
1980   Coal Miner's Daughter Michael Apted
1981  
 
Arthur Steve Gordon
1982   Tootsie Sydney Pollack
1983   Yentl Barbra Streisand
1984   Romancing the Stone Robert Zemeckis
1985   Prizzi's Honor John Huston
1986   Hannah and Her Sisters Woody Allen
1987   Hope and Glory John Boorman
1988   Working Girl Mike Nichols
1989   Driving Miss Daisy Bruce Beresford
1990  
 
 
Green Card Peter Weir
1991   Beauty and the Beast Gary Trousdale en Kirk Wise
1992   The Player Robert Altman
1993   Mrs. Doubtfire Chris Columbus
1994   The Lion King Roger Allers en Rob Minkoff
1995  
 
Babe Chris Noonan
1996   Evita Alan Parker
1997   As Good as It Gets James L. Brooks
1998  
 
Shakespeare in Love John Madden
1999   Toy Story 2 John Lasseter
2000   Almost Famous Cameron Crowe
2001  
 
Moulin Rouge! Baz Luhrmann
2002   Chicago Rob Marshall
2003  
 
Lost in Translation Sofia Coppola
2004   Sideways Alexander Payne
2005   Walk the Line James Mangold
2006   Dreamgirls Bill Condon
2007  
 
Sweeney Todd: The Demon Barber of Fleet Street Tim Burton
2008  
 
Vicky Cristina Barcelona Woody Allen
2009   The Hangover Todd Phillips
2010   The Kids Are All Right Lisa Cholodenko
2011   The Artist Michel Hazanavicius
2012  
 
Les Misérables Tom Hooper
2013   American Hustle David O. Russell
2014  
 
The Grand Budapest Hotel Wes Anderson
2015  
 
The Martian Ridley Scott
2016   La La Land Damien Chazelle
2017   Lady Bird Greta Gerwig
2018   Green Book Peter Farrelly
2019   Once Upon a Time in Hollywood Quentin Tarantino
2020  
 
Borat Subsequent Moviefilm Jason Woliner
2021   West Side Story Steven Spielberg
2022  
 
 
The Banshees of Inisherin Martin McDonagh

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.