Chicago (film út 2002)

film út 2002 fan Rob Marshall

Chicago is in Amerikaanske swarte misdiekomeedzje yn 'e foarm fan in lange filmmusical út 2002 ûnder rezjy fan Rob Marshall, mei yn 'e haadrollen Renée Zellweger, Catherine Zeta-Jones en Richard Gere. De film is basearre op 'e musical mei deselde namme út 1975 en it toanielstik mei deselde namme út 1926. De titel ferwiist nei it plak fan hanneling, de stêd Chicago. It ferhaal giet oer Roxie Hart en Velma Kelly, twa moardneressen dy't yn 'e 1920-er jierren yn itselde tichthûs opsletten wurde yn ôfwachting fan harren proses. Mei help fan harren beider abbekaat, de glêde Billy Flynn, wrakselje se om ferneamdens by de ynwenners fan Chicago te krijen, wat se sjogge as de kaai om 'e deastraf te ûntrinnen. Chicago krige fan 'e filmkritisy fan alle kanten lof taswaaid en wûn ferskate wichtige prizen, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje. De film wie yn 'e bioskopen ek kommersjeel tige súksesfol.

Chicago
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rob Marshall
produsint Martin Richards
útfierend
   produsint
Harvey Weinstein
Meryl Poster
Julie Goldstein
Jennifer Berman
senario Bill Condon
basearre op de musical fan
   Bob Fosse en Fred Ebb
it toanielstik fan
   Maurine Dallas Watkins
kamerarezjy Dion Beebe
muzyk John Kander (ferskes)
Fred Ebb (lietteksten)
Danny Elfman (filmmuzyk)
filmstudio Miramax Films
The Producers Circle Co.
Zadan/Meron
distribúsje Buena Vista Pictures
spilers
haadrollen Renée Zellweger
Catherine Zeta-Jones
Richard Gere
byrollen Queen Latifah
John C. Reilly
Lucy Liu
Christine Baranski
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 27 desimber 2002
foarm lange filmmusical
sjenre swarte misdiekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 113 minuten
budget en resultaten
budget $45 miljoen
opbringst $306,8 miljoen
prizen 6 × Oscar
3 × Golden Globe
1 × Grammy Award
2 × BAFTA
3 × SAG Award

Yn 1924 is húsfrou Roxie Hart der tsjûge fan hoe't de ferneamde sjongster en dûnseresse Velma Kelly nei in optreden yn in teäter yn Chicago troch de plysje arrestearre wurdt. Hja wurdt der nammentlik fan fertocht dat se har man Charlie en har suster Veronica deasketten hat doe't se dy tegearre op bêd oantrof. Roxie langet dernei om, krekt as Velma, in stjer fan it Amerikaanske vaudeville-teäter te wurden. Dêrom begjint se in bûtenechtlike affêre mei meubelferkeaper Fred Casely, dy't beweart dat er kunde hat oan lju yn 'e teäterbrâns en dat er har sadwaande oan wurk helpe kin.

In moanne letter, nei't se foar de safolste kear seks hân hawwe, set Casely Roxie oan 'e dyk en fertelt er har dat er hielendal gjin konneksjes yn 'e showbusiness hat, mar dat er dat inkeld sei om har op bêd te krijen. Roxie kin har earen net leauwe en besiket mei him te redendielen, mar Casely triuwt har by him wei en bedriget har mei geweld as se him ea wer oanrekket. Dêrop hellet Roxie yn razernij in revolver foar 't ljocht en sjit him dea. Neitiid fertelt se har man, de ûnnoazele Amos, dat se in ynbrekker deasketten hat en bepraat se him om 'e skuld op him te nimmen. As de plysjeresjersjeur dy't de moard ûndersiket lykwols oankomt mei in buorfrou dy't tsjûget dat Roxie en Casely in affêre hiene, makket Amos him derôf en lit er Roxie der sels foar opdraaie. Hja wurdt ôffierd nei it tichthûs nei't ofsier fan justysje Martin Harrison, dy't politike ambysjes hat, har tabiten hat dat er de deastraf tsjin har easkje sil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it tichthûs, de Cook County Jail, komt Roxie telâne op Murderess' Row, dêr't alle moardneressen ferbliuwe op 'e noed fan 'e korrupte froulike sipier "Mama" Morton. Dêr moetet Roxie har idoal Velma Kelly wer, mar as se besiket freonskip te sluten, stegert Velma dat op ûnfatsoenlike wize ôf. De ferearing dy't Roxie foar har fielt, slacht dêrnei om yn haat. Morton advisearret har om deselde abbekaat as Velma yn 'e earm te nimmen: de briljante Billy Flynn. Dat is in glûperige glêdjanus dy't beweart dat er alles út leafde docht, mar eins inkeld om jild jout. Roxie wit Amos safier te krijen dat er it jild byinoar skrabet dat nedich is foar Flynn syn tsjinsten.

Neitiid manipulearje Flynn en Roxie de parse troch Roxie har eftergrûn folslein byinoar te fantasearjen as in fan oarsprong deugdsume jonge frou fan it plattelân dy't moreel ûnder fuotten rekke is troch alle ferliedings yn 'e grutte stêd. De affêre mei Casely begûn se út iensumens, om't Amos altyd oan it wurk wie. Se besleat lykwols om 'e ferhâlding te beëinigjen, om't se besefte dat it ferkeard wie wat se die. Doe't se Casely fertelde dat it út wie tusken harren, waard er poer en foel er har oan út jaloerskens, en sy moast him wol deasjitte om't er har oars deadien hawwe soe. De parse, oanfierd troch de goederleauske Mary Sunshine, dy't skriuwt foar in op sensaasje beluste krante, yt it hiele ferhaal foar sûkerswiet op, en Roxie wurdt op slach in tragyske heldinne, mei wa't hiel Chicago meilibbet.

Op dy wize ferdriuwt Roxie Velma út it mulpunt fan 'e belangstelling, en Velma is dêr poerrazen oer. Se besiket te stokeljen tusken Roxie en Flynn, mar dat set gjin seadden oan 'e dyk. Dêrop besiket se Roxie te bepraten om har by har te jaan, as ferfangster fan har fermoarde suster Veronica. Mar Roxie, dy't Velma no net mear nedich hat om't sy no populêr is wylst Velma yn 'e ferjitnis rekket, jout har koekje fan eigen daai en stegeret har op ûnfatsoenlike wize ôf.

As der in rike erfgenamte, Kitty Baxter, arrestearre wurdt foar it deasjitten fan har man en de beide froulju mei wa't se him op bêd oantrof, driget Roxie, krektlyk as Velma foar har, de belangstelling fan 'e parse (en fan Billy Flynn) kwyt te reitsjen. Velma laket yn har fûstke, mar se komt bedragen út as Roxie fuortendaliks de belangstelling fan eltsenien wer werom wit te winnen troch te sizzen dat se swier is. Amos wurdt yn alle trelit negearre troch sawol de parse as Roxie sels. Flynn rekkenet him foar dat it bern net fan him wêze kin en dus fan Casely wêze moat. Sa hellet er Amos oer om in skieding fan Roxie oan te freegjen, mei as doel om mear sympaty fan it omsteand laach foar har te kreëarjen. Roxie, wa't alle publike belangstelling nei de holle stige is, ûntslacht Flynn om't se mient dat se it no fierder wol op eigen manneboet ôf kin. As koarte tiid letter lykwols Katalin Helinszki, in Hongaarske frou dy't gjin Ingelsk sprekt (en de iennichste op Murderess' Row dy't folhâldt dat se ûnskuldich is), as earste frou ea yn Illinois ophongen wurdt, beseft se hoe faai oft se derfoar stiet en nimt se Flynn wer oan as abbekaat.

As Roxie har rjochtsaak begjint, makket Flynn dêr mei help fan Mary Sunshine in wier mediaspektakel fan. Hy lûkt tsjûgeferklearrings yn twifel, manipulearret bewiismateriaal en lokket sels yn it iepenbier in fermoedsoening tusken Amos en Roxie út troch Amos der no fan te oertsjûgjen dat it bern dòchs fan him is. It liket mei it proses foar Roxie te gean dat it slydjaget, mar dan ferskynt Velma Kelly as tsjûge foar it Iepenbier Ministearje mei in deiboek dat se nei eigen sizzen út Roxie har sel stellen hat. Dêr steane in stikmannich tige belêstgjende ferklearrings yn dy't Roxie sels optekene hawwe soe, hoewol't sy dat sels ûntstriidt. Flynn stelt fêst dat Velma amnesty krigen hat fan ofsier fan justysje Harrison yn ruil foar har tsjûgenis, en dat se dus gjin betroubere tsjûge is. Dêrnei suggerearret er dat Harrison sels de belêstgjende stikken oan it deiboek tafoege hat. As er Velma ûnder druk set, jout dy ta dat se it deiboek net út Roxie har sel stellen hat, mar dat it har taspile is fia "Mama" Morton.

It einiget dermei dat Roxie frijsprutsen wurdt fan moard. Flynn jout neitiid ta dat hysels dejinge is dy't stikjes oan it deiboek tafoege hat en it fia "Mama" Morton oan Velma takomme litten hat, sadat er dwaan koe wat er no krekt dien hat. Op dy wize hat er twa fan syn kliïnten tagelyk frijkrigen: Roxie troch frijspraak en Velma troch amnesty. Roxie tinkt no fan har ferneamdens profitearje te kinnen troch in karriêre as stjer fan 'e vaudeville te begjinnen, mar dat falt ôf. Fuort nei har frijspraak sjit in frou dy't earder har man fermoarde hat, op 'e treppens fan it gerjochtsgebou har abbekaat dea. Alle belangstelling fan 'e media ferskoot fuortendaliks nei har en Roxie rekket fan it iene op it oare momint fergetten. De iennichste dy't har trou bliuwt, is Amos, dy't noch altyd yn 'e oertsjûging ferkeart dat er heit wurdt. Roxie helpt him lykwols op wrede wize út 'e dream, mei't se hielendal net swier is. Nei har ôfwizing kriget er einlings foar it ferstân hoe't se him brûkt hat en jout er him te lider slein ôf.

Roxie giet op ferskate audysjes om in vaudeville-artyste te wurden, mar wurdt hiderkear ôfwiisd. Velma, dy't krekt like ûnsúksesfol is, ferfalt sels ta earmoede. Se is twongen om Roxie wer op te sykjen en in duo-act foar te stellen mei as gimmick dat se twa frijsprutsen moardneressen binne. Roxie sjocht dêr earst neat yn, mei't se Velma hatet, mar nei't Velma derop wiist dat soks yn 'e showbusiness gjin inkele behindering is om gear te wurkjen, akseptearret se it oanbod. Tegearre fine se daverjend nij súkses op it toaniel.

  1. All That Jazz – Velma en eftergrûnsjongsters
  2. Funny Honey – Roxie en Amos
  3. When You're Good to Mama – "Mama" Morton
  4. Cell Block Tango – Velma en de froulju út it selleblok
  5. All I Care About – Billy Flynn en showgirls
  6. We Both Reached for the Gun – Billy Flynn, Roxie, Mary Sunshine en de ferslachjouwers
  7. Roxie – Roxie en showboys
  8. I Can't Do It Alone – Velma
  9. Mister Cellophane – Amos Hart
  10. Razzle Dazzle – Billy en eftergrûnsjongers
  11. Class – Velma en "Mama" Morton (by de filmmontaazje út 'e film snien, mar wol op 'e dvd en yn 'e tillefyzjepremiêre fan 'e film op NBC)
  12. A Tap Dance – Billy Flynn
  13. Nowadays – Roxie
  14. Nowadays / Hot Honey Rag – Roxie en Velma
  15. I Move On – Roxie en Velma (oer de ôftiteling hinne)
  16. All That Jazz (reprize) – Velma en eftergrûnsjongsters
 
Renée Zellweger yn 2010.
 
Catherine Zeta-Jones yn 2010.
 
Richard Gere yn 2000.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Roxie Hart Renée Zellweger
Velma Kelly Catherine Zeta-Jones
Billy Flynn Richard Gere


byrollen
personaazje akteur/aktrise
"Mama" Morton Queen Latifah
Amos Hart John C. Reilly
Kitty Baxter Lucy Liu
Mary Sunshine Christine Baranski
de orkestlieder Taye Diggs
Martin Harrison Colm Feore
Fred Casely Dominic West
Mona Mýa Harrison
Liz Susan Misner
Annie Denise Faye
June Deidre Goodwin
Katalin "Hunyak" Helinszki Ekaterina Sjtsjelkanova
Nicky Chita Rivera
rjochter Sean McCann
frou Borusewicz Jayne Eastwood
Veronica Kelly Niki Wray
Charlie Greg Mitchell
Ezekiel Young Scott Wise

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Chicago waard regissearre troch Rob Marshall nei in senario fan Bill Condon. Dat wie beasearre op 'e musical Chicago út 1975, fan Bob Fosse en Fred Ebb, dy't sels wer basearre wie op it toanielstik Chicago út 1926, fan Maurine Dallas Watkins. Dat gie oer twa echte moardneressen út 'e 1920-er jierren, Beulah Annan (Roxie Hart) en Belva Gaertner (Velma Kelly). It stik, mei Francine Larrimore en Juliette Crosby yn 'e haadrollen, waard 172 kear op Broadway opfierd, en waard binnen in jier tiid adaptearre ta de stomme film Chicago (1927), dêr't Gaertner sels in cameo yn hie.

As produsint wie Martin Richards by de film út 2002 belutsen foar de filmstudio's Miramax Films, The Producers Circle Co. en Zadan/Meron. As útfierende produsinten hiene Harvey Weinstein, Meryl Poster, Julie Goldstein en Jennifer Berman it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $45 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dion Beebe, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Danny Elfman, mei ferskes fan John Kander en lietteksten fan Fred Ebb. Regisseur Rob Marshall die sels de goreografy. De opnamen foar Chicago fûnen yn har gehiel plak yn Ontario, yn Kanada, dêr't op ferskillende lokaasjes filme waard.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Chicago waard fersoarge troch Buena Vista Pictures, in dochterûndernimming fan Disney. De film gie op 27 desimber 2002 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 19 novimber 2002 by platemaatskippij Epic Records. Chicago waard op 19 augustus 2003 útbrocht op dvd en as VHS-keapfideo. De earste blu-ray-edysje kaam út yn jannewaris 2007.

Fan 'e filmkritisy krige Chicago rûnom loovjende resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 31/2 fan 4 stjerren, wylst yn 'e Britske krante The Daily Telegraph Tim Robey de film omskreau as "de bêste filmmusical fan 'e lêste tritich jier." Oare resinsinten klagen lykwols dat de film te streamline wie en de rezjy fan Rob Marshall waard likemin troch eltsenien allike heech oanslein.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Chicago in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 257 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in opwinende en energetyske adaptaasje fan 'e Broadway-musical, dy't slagge is op it nivo fan poer spektakel, mar ek in ferrassend soad djipte en humor biedt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Chicago in goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 39 resinsjes.

Chicago brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $170,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $136,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $306,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $45 miljoen betsjut dat in winst fan $261,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Chicago doedestiden de meast opbringende live action-filmmusical aller tiden, in rekôr dat yn 2008 brutsen waard troch Mamma Mia!

Yn 2003 waard Chicago by de Oscars nominearre foar 13 prizen yn 12 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur (Rob Marsahall), bêste aktrise (Renée Zellweger), bêste byrol fan in akteur (John C. Reilly), bêste byrol fan in aktrise (Queen Latifah), bêste adaptearre senario (Bill Condon), bêste kamerarezjy (Dion Beebe), en bêste orizjinele liet (I Move On fan John Kander en Fred Ebb). De film wûn 6 Oscars, foar bêste film, bêste byrol fan in aktrise (Catherine Zeta-Jones), bêste filmmontaazje (Martin Walsh), bêste lûdsmixing (Michael Minkler, Dominick Tavella en David Lee), bêste kostúmûntwerp (Colleen Atwood) en bêste artdirection (John Myhre en Gordon Sim).

By de Golden Globes waard Chicago nominearre foar 8 prizen yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Catherine Zeta-Jones), bêste byrol fan in akteur (John C. Reilly), bêste byrol fan in aktrise (Queen Latifah) en bêste senario. De film wûn trije Golden Globes, foar bêste film (musical of komeedzje), bêste akteur yn in musical of komeedzje (Richard Gere) en bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Renée Zellweger).

Chicago waard ek nominearre foar 2 Grammy Awards en wûn de Grammy foar bêste kompilaasje-soundtrackalbum.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Chicago nominearre foar 12 prizen yn 11 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste aktrise (Renée Zellweger), bêste byrol fan in aktrise (Queen Latifah), bêste kamerarezjy, bêste kostúmûntwerp, bêste filmmontaazje, bêste fisazjy en hierstilearing (Judi Cooper-Sealy), bêste orizjinele filmmuzyk (Danny Elfman) en bêste produksje-ûntwerp (John Myhre). De film wûn 2 BAFTA's, foar bêste byrol fan in aktrise (Catherine Zeta-Jones) en bêste lûd.

Chicago waard ek nominearre foar 5 Screen Actors Guild Awards en wûn 3, foar bêste aktrise (Zellweger), bêste byrol fan in aktrise (Zeta-Jones) en bêste cast. Fierders wûn Chicago 3 Critics' Choice Awards (fan 3 nominaasjes), de Edgar Award foar bêste film en de Filmpriis fan 'e Japanske Akademy foar bêste film yn in bûtenlânske taal. De film waard ek nominearre foar 3 Satellite Awards, 1 MTV Movie Award en 5 Teen Choice Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.