Groustins (Gaastmabuorren)

De Groustins of Gruttestins, ek wol Grovestins, is in eardere stins yn de buorskip Gaestmabuorren under Hurdegaryp. Gaestmabuorren lei lykwols folle tichterby Burgum, lyk oan de westkant. Fan de stins is neat werom te finen.

Groustins by Burgum, tekene yn 1837, 8 jier nei de sloop.
De Groustins tekene troch Jacobus Stellingwerf, 1722

It wie in echte klassike stins út de 14e iuw en like in bulte op de Skierstins fan Feanwâlden. It wie in bakstiennen fjouwerkante toer fan fjouwer boulagen. Wat de namme yn it earstoan fan de stins wêst hat is net bekend. Letter hat de stins de namme krigen fan de famylje Grovestins.

Yn de 17e iuw wenne Boate fan Groustins op de Gaestmabuorren. Yn 1676 ferkocht Oene fan Groustins, de grytman fan Hinnaarderadiel de stins oan Willem fan Vierssen, riedshear fan it Hof fan Fryslân. Trochdat Vierssen syn dochter troud wie mei Hector fan Glinstra kaam de stins in besit fan de famylje Glinstra. De stins waard doe al in skoft net mear bewenne en is yn 1829 ôfbaarnd.

Yn de Fryske Folksalmanak út 1837 stiet fan de hân fan D. van der Meer in beskriuwing fan de stins te Gaastmabuorren by Burgum. Neffens him soe de stins yn 1398 boud wêze. Hy basearre dit op in jiertalstien dy't yn de gevel mitsele wie. Hoewol't út de beskriuwing in goede yndruk krigen wurde kin fan de stins, slagge it dochs net der in rekonstruksjetekening fan te meitsjen.

Hjoeddeis stiet allinnich noch by it Hoeksterpaad in djoer nijbouhûs, op it plak dêr't de stins stien hat. Oan fjouwer siden rint in sleat, nei alle gedachten de âlde grêft. It westlik part fan de Hillamawei, dat ûntstien is trochdat de wei skean oer de kaveling lutsen is, is dêrby troch it eardere stek fan de Groustins oanlein.

Sjoch ek bewurkje seksje

Oare Groustinzen wiene

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: