Kening State

(Trochferwiisd fan Grut-Lankum)

Kening State, foarhinne (en noch altyd better) bekend as Grut-Lankum, is in soarchsintrum by de Fryske stêd Frjentsjer.[1] It gebou makket diel út fan 'e eardere buorskip Lankum, oan 'e westkant fan 'e stêd, krekt benoarden de âlde strjitwei nei Harns. Kening State, of Grut-Lankum, sa't it doe noch hiet, wie foarhinne it haadgebou fan it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer.[1] It is it grutste ryksmonumint fan Fryslân. Dy monumintale status jildt lykwols inkeld foar de bûtenkant fan it gebou; fan it ynterieur is frijwol neat mear oarspronklik.[2]

Kening State
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Boarg. J. Dijkstrawei 6
koördinaten 53°11′15″ N 5°31′20″ E
bysûnderheden
type bouwurk soarchsintrum
boujier 1928-1930
arsjitekt E. en Th.R. Knevel
boustyl saaklik ekspresjonisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 512680
kaart
Kening State (Frjentsjer)
Kening State
Lokaasje yn Frjentsjer.

Grut-Lankum waard yn 'e jierren 1928-1930 oan 'e Boargemaster J. Dijkstrawei boud as nij haadgebou foar it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer, om't de gebouwen fan dy ynstelling binnen de beboude kom net mear genôch kapasiteit hiene. It kaam yn it plak foar in âldere bûtenpleats mei deselde namme, dy't yn 1901 troch it Psychiatrysk Sikehûs oankocht wie. De earste stien waard lein op 17 oktober 1928, en de offisjele iepening fûn plak op 24 oktober 1930. Yn 'e perioade 1978-1980 waard in útbou oan 'e westlike fleugel tafoege.[1]

Nei't it psychiatrysk sikehûs yn 1997 opgie yn 'e Stichting GGZ Fryslân, bleau Grut-Lankum noch acht jier yn gebrûk as ynstelling foar geastlike sûnenssoarch. Ein 2005 waarden de lêste psychiatryske pasjinten út it gebou ferhuze. Neitiid stie it ferskate jierren leech. Plannen om yn Grut-Lankum keapapparteminten te fêstigjen, sneuvelen yn 2008 doe't de eksploitant, it bedriuw Domus Magnus, him út it projekt weromloek.[1]

Yn 2010 oppenearre de soarchgroep European Care Residences (ECR) him, dy't Grut-Lankum opkocht en ferbouwe liet. Trochdat in ynvestearder him weromloek en it belutsen boubedriuw fallyt gie, lei de ferbouwing ferskate jierren stil. Nei't de Provinsje Fryslân ECR in liening fan 2,5 miljoen ferstrutsen hie boppe-op in rykssubsydzje fan €1 miljoen, koe it wurk yn 2015 ferfette wurde. Der waarden 63 lúkse apparteminten en 7 soarchhotelstudio's yn Grut-Lankum fêstige. It gebou waard yn 2016 yn gebrûk nommen, en krige doe de nije namme Kening State, om't men ornearre dat de namme 'Grut-Lankum' noch altyd tefolle assosjearre waard mei it psychiatrysk sikehûs. In soad Frjentsjerters makken dúdlik dat se it ferlern gean fan 'e âlde namme betreuren.[1]

 
De midden fan Kening State mei de haadyngong.

Lange tiid wie it tal hierders yn Kening State op twa hannen te tellen. Fan begjin 2018 ôf begûn it oan te waaksen oant likernôch tritich, en dy groei hie grutter wêze kind as der gjin twifel oer de takomst fan 'e ynstelling ûntstien wie. Dat kaam om't ECR it finansjeel net mear bolwurkje koe en om him hinne begûn te sjen nei in keaper. Mids juny 2018 waard bekend dat Kening State mei njoggen oare Nederlânske soarchlokaasjes fan ECR per 1 july ferkocht wie oan 'e Blueprint Groep.[1]

Dat bedriuw sei ta dat der yn Kening State mank it personiel gjin ûntslaggen falle soene, en dat de bewenners yn harren apparteminten wenjen bliuwe koene. De Blueprint Groep liet witte him folslein talizze te wollen op it bieden fan goede soarch en it mooglik meitsjen fan noflik wenjen, wylst men fan doel wie en besteegje it ûnderhâld fan 'e gebouwen út. Fierders wie it de bedoeling dat yn Kening State net allinnich mear fêste bewenners komme soene, mar ek dat der âlderen tydlik opfongen wurde soene om op te betterjen nei in medyske yngreep.[1]

Ein july 2018 waard bekend dat de provinsje de Blueprint Groep in liening fan €2,5 miljoen kwytskold nei't ek oare finansiers fan ECR, de eardere eigner fan Kening State, harren foarderings falle litten hiene. Dêrmei wie de takomst fan Kening State foarearst feilichsteld.[3] Yn desimber 2018 waard bekend dat de Blueprint Group Kening State foar €11 miljoen oerdien hie oan Aedifica, in beursnotearre ynvestearringsmaatskippij út Belgje. Neffens Matthijs Wolters fan 'e Blueprint Group wie Aedifica "in hiel betroubere langetermijnbelizzer", wêrmei't syn bedriuw al op seis oare lokaasjes gearwurke, û.m. yn Velp en Venray. Under de nije konstruksje soe de Blueprint Group trochgean mei it útbaten fan Kening State, wylst it gebou no eigendom waard fan Aedifica. De beide partijen hiene in hierkontrakt foar 25 jier ôfsletten.[4]

Kening State is troch de arsjitekten, E. en Th.R. Knevel út Ermelo, ûntwurpen yn in boustyl mei eleminten fan it saaklik ekspresjonisme. Om it gebou hinne leit in wannelpark, dat datearret út 'e 1930-er jierren. De rin fan 'e paden dêre is noch fierhinne itselde as doedestiden. Oan 'e foarside fan it gebou is yn dyselde tiid in grutte fiver oanlein, mei dêromhinne slingerpaden, beammen en strewelleguod. Ek oan 'e efterkant is begroeiïng oanplante fan beammen en strûken, wêrûnder akasia's en ipen.[2]

It haadgebou fan Kening State leit oan 'e noardkant fan it byhearrende terrein, westlik fan 'e opreed dy't fan 'e Harnzerwei rjocht nei it noarden rint. De foarside fan it gebou stiet nei it noarden ta, dat dy opreed komt it gebou fan efteren benei. Kening State hat in langwerpige, lichtsjes rûngeare foarm, wêrby't de bolle kant de foarside is en holle de efterside. De midden hat fjouwer ferdjippings (ynkl. de souder), wylst de beide fleugels trije ferdjippings omfiemje (ynkl. de souder). It gehiel wurdt oerkape troch in gearstald dak belein mei swarte Hollânske dakpannen.[2]

It middendiel fan Kening State hat in heech fronton, dat beklamme wurdt troch in toogde erker. Dêr is no de haadyngong, mar dat is in fernijing dy't net ta it orizjinele ûntwerp hearde. Oarspronklik wiene der twa yngongen oan 'e beide úteinen fan it middendiel fan it gebou. Lofts en rjochts fan it middendiel binne twa like lange fleugels symmetrysk oanboud, mei elts healwei in grut boublok dat oan sawol foar- as efterkant útstiket. Beide fleugels wurde oan 'e úteinen ôfsletten troch in dwersblok. Oan 'e westfleugel is letter in krúsfoarmich bygebou tafoege, dat troch in L-foarmich boudiel oan it âlde gebou fêstmakke is.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 Grosso, Maria del, Nieuwe Eigenaar Noodlijdend Kening State, yn: de Ljouwerter Krante, 13 juny 2018, s. 25.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Beskriuwing fan Kening State (Grut-Lankum) op Rijksmonumenten.nl.
  3. Grosso, Maria del, Veel ruis rond overname Kening State Franeker, yn: de Ljouwerter Krante, 25 july 2018, s.23.
  4. Hellinga, Jaap, Kening State is voor 11 miljoen verkocht, yn: de Ljouwerter Krante, 15 desimber 2018, s. 34.