Grutte wite reager

Grutte wite reager
Egretta alba 2 (Lukasz Lukasik).jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
Famylje: Reagers (Ardeidae)
soarte
Ardea alba

De grutte wite reager (Ardea alba of Casmerodius albus) is in fûgel út de famylje fan de reagers of reagerfûgels (Ardeidae) en it skift fan de pilekaaneftigen (Pelecaniformes).

Aaien fan Ardea alba melanorhynchos

FoarkommenBewurkje

De grutte wite reager is in grutte, wite reager, mei in grutte giele snaffel mei dûnkere poaten. De fûgel is sa'n 85 oant 100 sm en de wjukspanwiidte leit tusken de 145 en 170 sm. De reager weaget tusken de 1 en 1,5 kilogram.

FerspriedingBewurkje

De grutte wite reager komt foar yn Súd- en Midden-Jeropa, Afrika en ek yn Amearika oant it suden fan Kanada. Ek yn Nederlân komt de Grutte Wite Reager yn hieltyd grutter tal foar, krekt as de Lytse Wite Reager.

FuortplantingBewurkje

De grutte wite reager bried yn koloanjes, it nêst is in bult tûken yn in beam. De beide âlden briede de 3 oant 6 aaien út yn in dei as 23 oant 26. De jongen kinne meast nei in wike as 7 fleane, mar se ferlitte de âlden meast net foar se sa'n 11 wike âld binne.

TaksonomyBewurkje

De grutte wite reager waard eartiids faak yn it skaai Egretta set (Egretta alba). Tsjintwurdich wurdt de reager faak yn it skaai Ardea set (Ardea alba), om't er grutte oerienkomsten hat mei in pear reagers út dat skaai. Der binne fjouwer ûndersoarten: