Lytse wite reager

(Trochferwiisd fan Lytse Wite Reager)

De lytse wite reager (Egretta garzetta) is in reager út it skift fan de pilekaaneftigen.

lytse wite reager
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje reagerfûgels (Ardeidae)
skaai lytse reagers (Egretta)
soarte
Egretta garzetta
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     dwaalgast


Foarkommen bewurkje seksje

De lytse wite reager is in net al te grutte reager dy't hielendal wyt yn de fearren sit. De reager is mei 55 oant 65 sm in stik lytser as de grutte wite reager. Neist it ferskil yn grutte is de Lytse Wite Reager ek wer te kennen oan syn skerpe swarte snaffel.

 
Aai fan 'e lytse wite reager.

Fersprieding bewurkje seksje

It oarspronklik briedgebiet fan de lytse wite reager binne grutte sompen yn de waarme gebieten fan Europa, Aazje, Afrika en Austraalje. Yn de waarme gebieten is de fûgel it hiele jier troch oanwêzig. Yn it noardlik part fan syn fersprieding sa as Europa is it in trekfûgel dy't faak yn Afrika of Súd-Aazje oerwinteret.
De fersprieding fan de lytse wite reager wurdt steeds grutter. De fûgels komme ek al yn Amearika op in tal Karibyske eilannen en ek yn Suriname foar.
Ek nei it noarden ta fergrutsje de fûgels harren gebiet. Bygelyks yn de lannen fan West-Jeropa, sa as Nederlân komme de fûgels hieltiten faker ta brieden.

Iten bewurkje seksje

De lytse wite reager beslúpt syn proai yn ûndjip wetter. Faak brûkt der syn teannen om syn proai mei triljende bewegings út harren skûlplakken te ferjeien. Hy yt fisk, kreeften en ynsekten.

Fuortplanting bewurkje seksje

De lytse wite reager briedt yn koloanjes, faak mei oare reagers. Se meitsje meast in grut nêst fan tûken yn beammen of strûken. It wyfke leit 3 oant 5 aaien, dy't troch beide âlden útbret wurde. It brieden duorret 21-25 dagen.

Sjoch ek bewurkje seksje