Hûs Tjessens
Hûs Tjessens lei súdwestlik fan Holwert, gemeente Dongeradiel, tsjin de grins mei de himrik fan Waaksens oan. De ‘nije’ wei Holwert-Dokkum trochsnijt no it fierst súdlike stik fan it stateterrein. Yn de rest fan it langhalige terrein is noch wat fan it grêftepatroan werom te kennen. It terrein is net beboud en wurdt brûkt as greide.
Oer it ûntstean fan de state is neat bekend. Krektas de famylje Hania (mei Haniastate en de sate Op Harg) en de famylje Jaersma (mei Jaersmastate en in goed op Medwert) ûnder Holwert oer mear as ien goed beskikten dy 't op meardere soannen fererve, sa hie de famylje Tjessens ek twa huzen ûnder Holwert: Tjessens en Hemminga.
Yn 1505 waarden yn Dongeradiel Gerrit Tiessens en Ulbe Tiessens as eallju neamd. Ulbe wenne op Tjessens, Gerrit of Gercke in ein fierder op Hemminga, tichtby it doarp. Ulbe troude mei Syts Hania út Holwert; sy ferstoaren neffens grêfskriften yn 1512 en 1535. Ulbe wie yn 1511 neist Holwert fierders begoedige yn Hegebeintum, Boarnwerterhuzen c.a. (as Sypsma-erfgenamt, sjoch Hania yn Betterwird c.a.), Waaksens, Easternijtsjerk en Raard. Tjessens wurdt op mear as ien kaart as aadlik hûs oanjûn.
Syn soan Worp wie yn 1551 folmacht fan Westdongeradiel en stoar neffens syn sark yn 1558. Syn soan Sicke spile in rol yn it begjin fan de opstân tsjin Spanje; syn besykjen om Dokkum te helpen mislearre en rillegau dêrnei, yn 1572, stoar er. Hy is yn de tsjerke fan Holwert beïerdige. Soan Worp waard nochalris beneikaam troch skuldeaskers. Hy waard dêrom op in oar plak yn de tsjerke opnij begroeven.
Eigeners
bewurkje seksje- Ulbe Tiessens, eigener yn 1505
- Worp fan Tjessens oant 1558
- Sicke fan Tjessens oant 1572
- Worp fan Tjessens
- Tietscke fan Tjessens en Hendrick fan Zuchten
- Tietscke fan Tjessens en Albert fan Loo, elk foar de helte yn 1652
- Arend van Loo, bewenner yn 1670
- Tjaard van Aylva, “Riedshear Idsinga” en Agge fan Sixma yn 1698 elk 1/3
- 1699 Tjaard fan Aylva allinnich eigener fan it gehiel
- 1716 - 1722 dochter fan Tjaard fan Aylva
- Albert A. Coenders
- Johan Sippo fan Harinxma thoe Slooten en Margaretha Titia fan Coenders
- Pieter Edserd fan Harinxma thoe Slooten
- Albertus fan Harinxma thoe Slooten en Anna fan Sytzama
- Willem Hendrik fan Sytzama (bewenner)
- Johan Sippo fan Harinxma thoe Slooten, eigener en bewenner sûnt 1825
- Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|