Dorchester Publishing

(Trochferwiisd fan Hard Case Crime (útjouwerij))

Dorchester Publishing wie in Amerikaanske útjouwerij fan paperbacks dy't oprjochte waard yn 1971 en dy't fêstige wie yn New York. Hoewol't it bedriuw benammen bekendstie as útjouwer fan romantyske fiksje, brocht it ek skrillers, westerns en horrorromans út.

Dorchester Publishing
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1971
opdoekt 2012
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.dorchesterpub.com

Dorchester Publishing waard oprjochte yn 1971 en hold sels út dat it de âldste massamerkútjouwer fan 'e Feriene Steaten wie. Harren tradisjonele romantyske fiksje waard útbrocht ûnder de ymprint Leisure Books. Yn 1993 waard dêrnjonken de ymprint Love Spell oprjochte, foar nijere foarmen fan romantyk, yn 2003 folge troch de ymprint Smooch, foar romantyk foar jongfolwoeksenen. Yn 2004 waard fierders noch de ymprint Making It oprjochte, foar chick-lit-romans, wylst itselde jier mei Charles Ardai mei de ymprint Hard Case Crime úteinset waard dêr't skrillers ûnder útjûn waarden. Nei de oername fan 'e útjouwerij Sterling/MacFadden, ek yn 2004, publisearre Dorchester behalven paperbacks ek de tydskriften True Confessions, True Story en ferskate oare True ...-tydskriften, dy't al bestiene sûnt de 1920-er jierren.

Yn augustus 2010, nei twa opienfolgjende jierren fan grutte ferliezen, kundige Dorchester oan dat se tydlik harren wurkmêd ferleine fan it útjaan fan boeken nei it útjaan fan e-boeken en printing-on-demand-tsjinsten. Yn oktober fan dat jier skraste de skrillerskriuwersferiening Mystery Writers of America Dorchester fan syn list fan goedkarde útjouwers om't it bedriuw yn gebreke bleaun wie op it mêd fan it beteljen fan royaltys oan skriuwers. Dyselde moanne waard bekend dat de Hard Case Crime-ymprint ferkocht waard oan Titan Books, en yn 2011 waarden de blêden True Romance en True Love fan 'e hân dien oan 'e útjouwerij BroadLit. Yn maart fan dat jier waard troch in grut tal skriuwers, ûnder lieding fan horrorauteur Brian Keene, in boykot ynsteld tsjin Dorchester, om't de útjouwerij noch altyd efterstallige royaltys net ôfdroegen hie. Hoewol't de útjouwerij folhold dat alles goedkomme soe, rekke it bedriuw almar fierder yn 'e swierrichheden, oant yn augustus 2012 Amazon Publishing it grutste part fan 'e fûnskatalogus fan Dorchester Publishing opkocht.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.