Hattingen is nei Witten de stêd yn 'e lânkring Ennepe-Ruhr yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit yn it súdlike diel fan it Ruhrgebiet oan 'e Ruhr en grinzget streekrjocht oan 'e stêden Wuppertal, Essen en Bochum.

Hattingen
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Ennepe-Ruhr-Kreis
Stedsyndieling 11 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 54.620 (31.12.2023)
Oerflak 71,66 km²
Befolkingsticht. 762 ynw./km²
Hichte 90 m.
Oar
Postkoade 45525, 45527, 45529
Koördinaten 51° 24' N 7° 11' E
Offisjele webside
www.hattingen.de
Kaart
Hattingen (Noardryn-Westfalen)
Hattingen
 
Lânskip súd fan Hattingen (Elfringhausen).

De stêd hat in fersoargingsgebiet fan in middelgrutte stêd en leit op in hichte fan 60 oant 306 m boppe seenivo. Hattingen is te feridelen yn 'e Stadtteile Blankenstein, Bredenscheid-Stüter, Hattingen-Mitte, Holthausen, Niederbonsfeld, Niederelfringhausen, Niederwenigern, Oberelfringhausen, Oberstüter, Welper en Winz-Baak.

Hattingen waard op in rivierterras fan 'e Ruhr stifte en besit noch in histoaryske kearn mei in soad fakwurkhuzen.

Hattingen waard yn 990 foar it earst yn dokuminten as Reichshof Hatneggen neamd. De lizzing tusken it Bergisches Land mei syn metaalprodukten yn it suden en de Hellweg-sône yn it noarden mei syn tekstyl wie geunstich foar de hannel. It yn 1396 mei greve Dietrich von der Mark sletten fersterkingsferdrach wurdt beskôge as it begjin fan 'e stêd Hattingen. Yn 1554 waard Hattingen opnommen yn 'e Hânze .

As Ruhrgebietstêd waard yn 'e 19e iuw de stienkoalwinning tige wichtich. Hattingen hie ferskate minen. De Rauendahler Schienenweg, in stik spoar fan Rauendahl (in Ortsteil fan it Stadtteil Winz-Baak) nei de Ruhr, waard al yn 1787 yn gebrûk naam en wie it earste spoar foar it transport fan stienkoal yn 'e wrâld. Yn 1987 waard as gefolch fan 'e delgong fan 'e stienkoal- en swiere yndustry yn it Ruhrgebiet de lêste heechoven stilset.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Befolkingsûntwikkeling yn Hattingen
Jier 1714 1804 1900 1939 1946 1950 1961
Ynwenners 1.241 1.976 8.975 18.063 16.620 19.400 29.096
Oerflak km² 5.29 5.32 8.26
Jier 1970 1975 1985 1990 1995 2000 2005
Ynwenners 60.490 58.929 58.935 61.129 60.357 60.436 57.668
Oerflak km² 71.36
Jier 2012 2013 2016 2022
Ynwenners 55.883 55.948 54.744 54.637
Oerflak km² 71.40 71.66

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Fakwurkhûzen.

De âlde binnenstêd mei likernôch 150 midsiuwske fakwurkhûzen is by toeristen populêr. As ien fan 'e earste plakken yn Dútslân hie it plak in fuortgongerssône.

De bekendste histoaryske gebouwen binne de Sint-Joaristsjerke, it âlde stedhûs, de klokketoer en it 17e-iuwske saneamde Bügeleisenhaus mei it "Museum im Bügeleisenhaus (MiBEH)". Fan 1771 oant 1856 tsjinnen de gebouwen foar wevers, dy 't dêr doek op weefgetouwen produsearren. Foar it gebou betinkt in stroffelstien de lêste Joadske eigeneresse fan it hûs, Selma Abraham berne Cahn, dy't yn 1941 mei har man Alfred nei it getto fan Riga deportearre waard.

Tichteby it busstasjon oan 'e âlde stedsmuorre beweitsje de saneame Izeren manlju fan Zbigniew Frączkiewicz de yngong fan 'e histoaryske stêd.

Fanwegen in soad grien is Hattingen in rekreaasjegebiet foar in protte ynwenners fan it Ruhrgebiet. Benammen it Ruhrdal lûkt fytsers en kuierders. Tusken Hattingen, Bochum en Witten leit de Kemnadermar, mei in soad wettersportmooglikheden. Oer de RuhrtalRadweg kin oant it Sauerlân fytst wurde.

 
Haus Kemnade.

Yn it stedsgebiet fan Hattingen lizze de kastielen Blankenstein, de Isenburg en it wetterslot Haus Kemnade. Op it lêste plak wurdt de muzykynstrumintkolleksje Hans en Hede Grumbt mei sa'n 1.800 ynstruminten en muzykdoazen bewarre. Tichteby leit it Bauernhausmuseum. Yn 'e bergen stiet de Bismarckturm fan Hattingen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Hattingen