Heechlânsk-Ingelsk

It Heechlânsk-Ingelsk (Heechlânsk-Ingelsk: Highland English) is in fariëteit fan it Skotsk-Ingelsk (it Ingelsk sa't him dat yn it Britske lânsdiel Skotlân ûntjûn hat). It Heechlânsk-Ingelsk wurdt sprutsen yn 'e Skotske Heechlannen en op 'e Hebriden. It ferskilt yn frij hege mjitte fan oare foarmen fan Skotsk-Ingelsk, mei't dy mear beynfloede binne troch it Skotsk, dat in Germaanske taal is, wylst it Heechlânsk-Ingelsk in folle sterkere ynfloed ûndergien hat fan it Skotsk-Gaelysk, dat in Keltyske taal is.

Heechlânsk-Ingelsk
algemien
eigen namme Highland English
lânseigen yn Grut-Brittanje
tal sprekkers ±500.000
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Ingelsk
            ● Skotsk-Ingelsk
              ● Heechlânsk-
                  Ingelsk
taalstatus
offisjele status (gjin offisjele status)
erkenning as
minderheidstaal
(gjin erkenning)

It Heechlânsk-Ingelsk is it resultaat fan 'e stadige opmars fan 'e Ingelske taal yn it kearngebiet fan it Skotsk-Gaelysk, dat de Skotske Heechlannen en de Hebriden, in eilannegroep foar de Skotske westkust, omfiemet. It Ingelsk krong Skotlân foar it earst binnen oan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw, en ferfong nei de politike uny mei Ingelân, yn 1707, it Skotsk as de offisjele taal.

Oant dy tiid hie it Skotsk-Gaelysk stadichoan terrein ferlern oan it Skotsk, wylst dy taal as in soarte fan buffer tusken it Skotsk-Gaelysk en it Ingelsk funksjonearre hie. Fan 1707 ôf begûn it Ingelsk lykwols streekrjocht sprekkers en taalgebiet oan it Skotsk-Gaelysk te ûntnaderjen, benammen yn perioaden dat de bewenners fan 'e Heechlannen en Eilannen en harren kultuer yn 'e knipe kamen, lykas nei de mislearre Jakobityske Opstân fan 1745, en ûnder de saneamde Heechlânske Frijmakkings (Highland Clearances), yn 'e njoggentjinde iuw.

Dêrtroch hat him yn 'e eastlike Heechlannen úteinlik in gebiet ûntjûn tusken de taalgebieten fan it Skotsk en it Skotsk-Gaelysk yn, dat yn mearderheid Ingelsktalich is. It Ingelsk dat dêre sprutsen wurdt en teffens yn 'e it Skotsk-Gaelyske kearngebiet yn 'e westlike Heechlannen en op 'e Hebriden, is fan in hiel oar soarte as it Skotsk-Ingelsk fan it leechlân. Yn it leechlân bout it Skotsk-Ingelsk ommers fuort op in Germaansk Skotsk substraat, wylst it substraat yn 'e Heechlannen en op 'e Hebriden Keltysk Skotsk-Gaelysk is. It Heechlânsk-Ingelsk is sadwaande it Iersk-Ingelsk net wanlyk, mei't dat op in selde soarte substraat ûntstien is, en lânseigen Heechlanners wurde dêrom troch toeristen en nijynkommelingen út Ingelân op grûn fan harren aksint wol foar Ieren holden.

Tal sprekkers

bewurkje seksje

Der besteane gjin gegevens oangeande it sprekkerstal fan it Heechlânsk-Ingelsk, mar sjoen it gebiet dêr't it sprutsen wurdt en it tal ynwenners fan dat gebiet soe in rûge skatting fan memmetaalsprekkers en T2-sprekkers mei-inoar nei alle gedachten yn 'e rjochting gean fan 'e 500.000 minsken.

Taaleigenskippen

bewurkje seksje

It Heechlânsk-Ingelsk hat in protte lienwurden út it Skotsk-Gaelysk opnommen, mei dêrûnder in stikmannich bekende geografyske termen: firth ("riviermûning"), glen ("delling"), loch ("mar" of "fjord"), mull ("skiereilân") en strath ("brede rivierdelling"). Oare ûntlienings út it Skotsk-Gaelysk binne bygelyks bodach ("âldman"), bothy ("taflechtsoard yn 'e bergen"), cailleach ("âldwyfke") en cèilidh (útspr.: "kely"), dat oarspronklik gewoan in "gesellige gearkomste" wie, mar no spesifyk ferwiisd nei in jûnsevenemint wêrby't Skotske folksdûnsen opfierd wurde.

In protte sprekkers fan Heechlânsk-Ingelsk folje harren Ingelsk fierders standert oan mei útdrukkings dy't yn har gehiel út it Skotsk-Gaelysk oernommen binne, lykas mach à seo! (útspr. likernôch "mechasjô"), dat "foarút mar!", "we geane!" of "it sil heve" betsjut. Ek wurdt in ferhaal wol beëinige mei sin agad-s' e (útspr. likernôch "sjinagatse"), wat "dat sjesa" betsjut. En in petear wurdt wol ôfbrutsen mei de Ingelsk-Gaelyske fraze right, ma-thà (ma-thà = "dan"), dat frij fertaald "no, goed" of "mar afijn" betsjut.

De ynfloed fan it Skotsk-Gaelysk lit him ek op it mêd fan 'e grammatika jilde, mei't in protte sprekkers fan it Heechlânsk-Ingelsk Gaelyske tiidwurdsferbûgings letterlik oersette yn it Ingelsk. In Standertingelske sin as I go to Stornoway on Mondays ("ik gean moandeis altyd nei Stornoway"), wurdt dan gearstald as I am going to Stornoway on Mondays, wylst I can see you ("ik kin dy sjen") I'm seeing you wurdt. Fierders wurdt de Skotsk-Gaelyske ferlytsingsútgong -ag ek gauris oernommen en fral oan nammen fêstplakt: Johnag, Margaretag, ensfh.

Yn it Heechlânsk-Ingelsk komt ek yn 'e fonology de ynfloed fan it Skotsk-Gaelysk oan it ljocht, mei't bygelyks de stimleaze plofklanken [k], [p] en [t] útsprutsen wurde mei pre-aspiraasje, sadat se klinke as [ˣk] ("chk"), [ʰp] ("hp") en [ʰt] ("ht"). Stimhawwende konsonanten, oan 'e oare kant, wurde ôfswakke ta stimleazens, sadat in wurd as never ("nea") útsprutsen wurdt as "neffer", just ("rjochtfeardich" of "niiskrekt") as "tsjust" (ynstee fan "dzjust") en Jesus as "tsjisas". Teffens wurdt yn 'e konsonantekluster rst de s palatalisearre, sadat it gehiel útsprutsen wurdt as "rsjt", lykas yn first, "fursjt". Dêrnjonken is de Ingelske w (fan "skowe") foar in protte Skotsk-Gaelysktaligen dreech út te sprekken, sadat se der in û-klank foar yn 't plak sette; in swan ("swan") wurdt dan in "sûan".

In protte âldere sprekkers hawwe fierders in tige opfallende manear om har ynstimming blike te litten mei wat de petearpartner seit: se azemje yn en meitsje dêrby in dúdlik hearber ratteljend (of rocheljend) lûd yn 'e kiel. Itselde lûd kin ek út en troch makke wurde om oan te jaan dat men noch altyd nei de oare harket. Dit ferskynsel wurdt yn it Ingelsk de Gaelic gasp (de "Gaelyske pûst") neamd. Hoewol't it ûnbekend is yn 'e oare Gaelyske talen (Iersk en Manksk), komt it wol foar yn guon Noardgermaanske talen, dêr't it Skotsk-Gaelysk yn it ferline tige nauwe omgong mei hân hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.