Hobbe Baerdt fan Sminia (1655-1721)

(Trochferwiisd fan Hobbe Baerdt fan Sminia (1655))

Hobbe Baerdt fan Sminia (22 augustus 1655 - Ljouwert, 23 oktober 1721) wie riedshear en presidint-riedshear fan it gerjochtshof fan Fryslân yn Ljouwert.

Hobbe Baerdt van Sminia (Johannes Heimans, 1679)

Fan Sminia wie in soan fan de riedshear Jetze fan Sminia en fan Anna Maria fan Baerdt. Hy wie sekretaris fan de gritenij Stellingwerf-Westein. Yn 1679 waard hy troch it goa Sânwâlden keazen ta riedshear yn it Hof fan Fryslân. Nettsjinsteande dat der protesten út Eastergoa wiene, bleau syn beneaming hanthavene. Hy die dit amt hast 42 jier. De lêste seis jier wie hy teffens presidint fan it.[1]

Fan Sminia hat trije kear troud west. Op 2 jannewaris 1678 boaske hy yn Frjentsjer mei Tetje Gerroltsma. Op 17 april 1692 boaske hy yn Aldegea mei Catharina fan Haersma. Syn tredde houlik sluet hy op 3 april 1701 yn Ryptsjerk mei Ida Margaretha fan Rhala. Hy hie yn totaal njoggen bern.[1] Fan Sminia wie yn 1697 de ien nei rykste Fries mei in rûsd fermogen fan 450.000 gûne. Yn 1706[2] kocht hy it grytmanskip fan Hinnaarderadiel foar 38.000 gûne fan Edzard fan Grovestins foar syn soan Idzard út syn earste houlik.[3]

Fan Sminia kocht yn 1681 de stins De Klinze, ek oppe Clincke neamd, yn Aldtsjerk. Oant 1966 hawwwe syn neisieten dizze stins bewenne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Wumkes yn: Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW) [1]
  2. It jiertal 1706 wurdt fermelden troch Hobbe Baert fan Sminia yn de Nieuwe naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795. Ek Van der Aa neamt 1706 yn Biographisch Woordenboek der Nederlanden [2]. Yn de oantekening by de famylje Fan Sminia yn it argyf fan de famylje Fan Eysinga-Vegelin fan Claerbergen is lykwols sprake fan in keap fan it grytmanskip yn 1708
  3. Argyf Famylje Fan Eysinga-Vegelin fan Claerbergen