Hôfdo

(Trochferwiisd fan Houtdo)

De hôfdo (Columba palumbus), ek houtdo , wâlddo of houdo, is de grutste dowesoarte fan West-Europa. Hôfdowen binne yn ús kontreien stânfûgels, fûgels út it eastlike en noardlike ferspriedingsgebiet oerwinterje fakentiden yn West-Europa en Súdwest-Europa.

Hôfdo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai hôfdowen (Columba)
soarte
Columba palumbus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
stânfûgel
simmerfûgel
wintergast

Op de fûgel wurdt in hiel soad jage. Neffens Animal Rights wurde allinne yn Nederlân alle jierren tusken de 45.000 en 58.000 hôfdowen sketten (sifers 2017-2019). De hôfdo stiet dêrmei op it tredde plak fan 'e meast bejage bisten yn Nederlân.[1]

Hôfdowen binne 41 oant 45 sm, wege 275 oant 700 gram en ha in spanwiidte fan 68 oant 77 sm. Se ha in blaugrize kop. It boppebealchje is laaigriis en fierder rjochting de sturt blaugriis. It boarst is griisrôze en wurdt nei de búk ta ljochter oant by de sturt hiel ljochtgriis. De fûgel is op ôfstân goed te ûnderskieden fan oare dowesoarten troch de wite bân op 'e wjukken, de kleuren yn 'e nekke en de giele iris.[2]

 
Kop fan 'e hôfdo.

Oan 'e sydkanten fan 'e nekke en de achterkant fan 'e nekke is in griene metaaleftige glinsterjend bân fan boppe, dêrûnder is allinne oan 'e sydkanten fan 'e nekke in wite flek en dêr wer ûnder is in glânzgjende pearse bân. De opfallende bân op 'e boppewjuk ûntstiet mei't de grutte dekfearren folslein wyt binne. De slachpinnen binne donkergriis, de bûtenflaggen fan 'e earste oant de njoggende slachpin hawwe in smelle, wite seame dy't by de tsiende slachpin minder skerp is. De stjoerpinnen binne boppe blaugriis, dan folget in diffuse, ljochtgrize bân en oan it ein in brede donkergrize bân. De koarte snaffel is read by de basis en wurdt dêrnei giel. De houtdo hat koarte, rôze poaten.

Fersprieding

bewurkje seksje

De hôfdo libbet fan Europa oant yn it uterste noarden fan Afrika en rjochting Aazje dêr't it ferspriedingsgebiet dan jimmeroan lokaler wurdt. Yn gebieten sûnder genôch beammen komt de fûgel net in soad foar.

Eartiids wie de hôfdo in skouwe boskfûgel (dêrfandinne ek de namme wâlddo) en yn dielen fan syn ferspriedingsgebiet is dat noch jimmeroan sa. Hjoed-de-dei is de fûgel ek in kultuerfolger woarn, dy't hieltiten mear yn stêden en parken libbet, wylst de fûgel yn 'e bosken efterút gie. De hôfdo komt yn hiel Nederlân foar, mar de heechste konsintraasjes fan hôfdowen yn Nederlân binne te finen yn it easten en it suden fan it lân en de kuststreken. It tal briedpearkes yn Nederlân wurdt op 290.000 oant 580.000 rûsd (2018-2020). Winterdeis wurdt it oantal op 1.000.0000 oant 2.000.000 rûsd.[3][4]

Winterdeis oerwinterje grutte groepen houtdowen út Noard- en East-Europa yn ús kontreien.

 
Foerazjearje dowen.

Hôfdowen skarrelje op 'e grûn it iten by inoar. Se ite fral sied en beien. Yn stêden ite se fan 'e strjitte ek itersresten dy't minsken falle litten ha.

 
Nêst mei aaien.

De balts fan 'e hôfdo begjint yn maart of april, yn 'e populaasjes fan 'e stêden fakentiden al folle earder. Troch it lange briedseizoen binne baltsende hôfdowen oant yn septimber noch in soad te sjen. De flecht fan 'e balts fan it mantsje giet fan 20 oant 30 meter steil omheech, dan klapt it mantsje ferskillende kearen lûd mei de wjukken, wêrnei't er gliidzjend mei horizontaal útsprate wjukken en in brede sturt wer delkomt. Dy baltsflecht wurdt fakentiden twa- oant fiif kear werhelle yn in grutte bôge troch it territoarium. By tige lytse territoaria giet de baltsflecht ek oer de grinzen fan it eigen territoarium hinne.

De nêsten binne faak sleau en suterich en stellen somtiden net mear foar as wat twiichjes. Somtiden kin der dwers troch in nêst hinne sjoen wurde, sadat de aaien fan ûnder te sjen binne. It mantsje draacht it materiaal oan, dat it wyfke wat te plak leit. Nêsten wurden fakentiden op 'e nij brûkt. It komt faak ta twa lechsels fan twa wite aaien yn't jier.

 
Jonge houtdowen.

De briedtiid duorret 16 oant 17 dagen. Jonge fûgels kinne nei 35 dagen fleane. As de jongen krekt útkommen binne, bestiet it iten foar it meast út molke út it krop. It oandiel fan plantaardich iten nimt fuortendaliks mei it âlder wurden fan 'e jonge fûgels ta.

 
It fuorjen fan in jonge fûgel.

Ut Ingelsk ûnderysk hat it bliken dien dat de earste lechsels foar in grut part ferlern gean. Mei't de âlders dan faak noch lang sykje moatte om iten en it nêst sûnder tafersjoch efter litte, kinne kriefûgels de nêsten plonderje. Mar meast is it ferlies oan brek oan iten en min waar te witen.

De measte hôfdowen stjerre al yn it earste libbensjier. Berekkeningen yn Grut-Brittanje en Nederlân wize in mortaliteit fan 46 oant 70% út en dy fan folwoeksen fûgels tusken de 35 en 46%. Njonken natuerlike fijannen en syktes, kinne strange winters ek oan grutte ferliezen bydrage. De belangrykste oarsaak is lykwols yn grutte dielen fan Europa de sterke bejaging fan 'e fûgel.

Njonken de minsken foarmje hauken in grut gefaar foar de houtdo. Minder faak fergripe oare rôffûgels lykas Noardske falken en sparwers harren oan 'e soarte. Mûzebiters fange hôfdowen mar selden. Fan 'e Midden-Europeeske ûlen binne oehoe's in duchtige fijân fan 'e houtdo.

Undersoarten

bewurkje seksje

Hôfdowen besteane út fiif ûndersoarten. Ien dêrfan is útstoarn.[5]

 
Columba palumbus azorica

De hôfdo is in talrike briedfûgel yn Europa. BirdLife International rûsd de wrâldpopulaasje op 40 oant 70 miljoen fûgels en de Europeeske populaasje op 18 oant 34 miljoen. Tusken 1970 en 1990 wie de Europeeske populaasje stabyl, dêrnei folge in lichte taname.

De houtdo wurdt neffens de Reade list fan 'e IUCN net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Ringeltaube (ferzje 15 april 2024)