Imerkesjongerfûgels
(Trochferwiisd fan Imerkes (fûgel))
De imerkesjongerfûgels (Locustellidae), ek wol imerkes, strûksjongerfûgels of sprinkhoansjongerfûgels neamd, foarmje in famylje yn it skift fan de moskeftigen. Foarhinne waarden de imerkesjongers ta de grutte famylje fan de sjongers (Sylviidae) rekkene. As synonym foar Locustellidae wurdt ek wol Megaluridae brûkt. De 68 soarten imerkesjongers komme yn Jeropa, Aazje, Austraalje en Afrika foar, mei it swiertepunt yn Midden- en Súdeast-Aazje. De imerkesjongers binne lytse ûnopfallende brúneftige fûgeltsjes fan 12-20 cm, dy 't meast yn strûken of sompen tahâlde. De bekendste soarten yn Fryslân binne it reidimerke en de snilekrûper.
Imerkesjongerfûgels | ||
reidimerke (Locustella naevia). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
lytsskift: | sjongers fan de Alde Wrâld (Sylviida) | |
boppefamylje: | echte sjongers fan de Alde Wrâld (Sylvioidea) | |
famylje: | imerkesjongerfûgels (Locustellidae) | |
Bonaparte, 1844 | ||
Klassifikaasje
bewurkje seksjeDe skaaien yn de famylje fan de imerkesjongerfûgels (Locustellidae) binne:
- Skaai: (Robsonius), 3 soarten
- Skaai: imerkesjongers (Helopsaltes), 6 soarten, oant koartlyn ta it skaai Locustella rekkene:
- grutte imerkesjonger (Helopsaltes fasciolatus)
- Sachalinimerkesjonger (Helopsaltes amnicola)
- sompe-imerkesjonger (Helopsaltes pryeri)
- Sibearyske imerkesjonger (Helopsaltes certhiola)
- Ochotskimerkesjonger (Helopsaltes ochotensis)
- Koreaanske imerkesjonger (Helopsaltes pleskei)
- Skaai: strûksjongers (Locustella), 24 soarten, dêrûnder:
- lyts reidimerke (Locustella lanceolata)
- wekkerke (Locustella fluviatilis)
- snilekrûper (Locustella luscinioides)
- reidimerke (Locustella naevia)
- Sineeske strûksjonger (Locustella tacsanowskia)
- Baikalstrûksjonger (Locustella davidi)
- Westhimalaja-strûksjonger (Locustella kashmirensis)
- plakkestrûksjonger (Locustella thoracica)
- Skaai: (Poodytes), 5 soarten
- Skaai: (Malia), 1 soarte
- Skaai: (Cincloramphus), 11 soarten
- Skaai: (Megalurus), 1 soarte
- Skaai: (Elaphrornis), 1 soarte
- Skaai: (Schoenicola), 2 soarten
- Skaai: (Elaphrornis), 1 soarte
- Skaai: (Catriscus), 1 soarte
- Skaai: (Bradypterus), 12 soarten