Jeraziatyske Avaren
De Jeraziatysk Avaren (net te betiizjen mei de hjoeddeiske, Kaukazyske Avaren) wienen in fan oarsprong mingd, benammen Turksk-Mongoalsk nomadefolk dat yn it kylwetter fan de Hunnen en Turken mei migrearre nei Jeropa en in ryk stifte yn it Wolga-gebiet yn de 6e iuw.
It Avaarske Ryk
bewurkje seksjeIt ryk fan de Avaren lei ynearsten tusken de Wolga en de Eastsee. Fan dêrút ferdreaunen hja de Gepiden en de Longobarden út de Donaufallei en wreiden har ryk fierder út nei it westen. Hja ferbûnen har mei it Byzantynske Ryk en fochten tsjin de Slaven en Bulgaren. Ynfallen yn Itaalje yn 610 mislearren en ek de oanfallen op Konstantinopel, de haadstêd fan de Byzantinen, yn 619 en 626 wienen fergees.
Letter litten sy ûnder de Slavyske en Bulgaarske ekspânsje en brocht Karel de Grutte op de ein fan de 8e iuw harren swiere nederlagen ta yn syn fjildtochten fan 791, 795, 796 en 797. Hy makke fan de Pannonyske Donau de eastgrins fan syn Frankyske Ryk. Lang om let waard it Avaarske ryk ferneatige troch de Bulgaarske khan Krum yn de 9e iuw.