Jingle Bells
Jingle Bells is ien fan 'e bekendste en meast songen Ingelsktalige sekuliere krystferskes. De titel betsjut "Rinkel Bellen". Jingle Bells waard yn 1857 publisearre en is sûnt altyd tige populêr bleaun.
Jingle Bells | ||
algemiene ynformaasje | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | krystferske | |
útbrocht | 1857 | |
skriuwer | James Lord Pierpont | |
komponist | James Lord Pierpont | |
resultaten | ||
covers | ferskaat | |
oar | ||
útfierings | ferskaat |
Skiednis
bewurkje seksjeIt liet Jingle Bells waard skreaun troch de Amerikaan James Lord Pierpont (1822-1893), dy't sawol de tekst dichte as de meldij komponearre. Dat barde yn 1850 yn 'e Simpson Tavern yn Medford yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Pierpont publisearre it liet yn 1857 ûnder de titel The One Horse Open Sleigh ("De troch ien hynder lutsen iepen belslide"). "Jingle Bells" (twaris songen) is eins de earste regel fan it refrein en dêrtroch it bekendste diel fan 'e tekst. Meitiid begûn men dêrom it hiele ferske sa te neamen.
Men wol wol hawwe dat Jingle Bells oarspronklik skreaun waard foar it koar fan in sneinsskoalle, of oars as drinkliet. Hoewol't it eins tekstueel gjin bân mei de kryst hat, rekke it assosjearre mei krystmuzyk en de feestperioade oan 'e ein fan it jier troch syn wintertematyk. Dat barde stadichoan yn 'e 1860-er en 1870-er jierren. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw wie de bân tusken Jingle Bells en de kryst yn Noard-Amearika stevich fêstige.
Yn 'e 1880-er jierren wie Jingle Bells al in tige populêr ferske, dat ôfprinte waard yn in soad sjongbondels. De earste lûdsopname dy't derfan makke waard, wie in fonograafsilinder dêr't it liet op 30 oktober 1889 op fêstlein waard troch in Will Lyle. (Alle eksimplaren dêrfan binne lykwols neitiid ferlern gien.) Yn 'e tweintichste iuw waard Jingle Bells troch withoefolle artysten songen en fêstlein, benammen yn 'e Angelsaksyske wrâld. Bekende ferzjes binne û.o. dy fan Glenn Miller en syn orkest út 1941, dy fan Bing Crosby en de Andrews Sisters út 1943, en dy fan Kimberley Locke út 2006.
Op 16 desimber 1965 waard Jingle Bells it earste liet dat út 'e romte wei útstjoerd waard, doe't de astronauten fan 'e Gemini 6 it by wize fan grap songen foar Mission Control yn Houston.
Tekst
bewurkje seksje
¹) "Upsot" is in dichterlike frijheid op basis fan "upset", om't it rime moast op "lot".
²) "Two forty" ferwiist nei it riden fan in myl op 'en draaf yn twa minuten en fjirtich sekonden, oftewol 221/2 myl yn 'e oere, wat in goede faasje wie.
³) In "fos" (Ingelsk: bay) is in readbrún hynder.
It earste kûplet is fierwei it bekendste. As mear as allinnich it earste kûplet songen wurde, dan giet it almeast om 'e kûpletten 1, 2 en 4; nûmer 3 wurdt yn 'e regel oerslein.
Parodyen en oare ferzjes
bewurkje seksjeJingle Bells is gauris parodiëarre. Sa is Jingle Bells, Batman Smells ("Rinkel Bellen, Batman Stjonkt") sûnt de 1960-er jierren in bekende parody. In aparte parody is Aussie Jingle Bells fan Bucko en Champs, twa Australyske artysten dy't de tekst oanpasten fan 'e winter op it Noardlik Healrûn ta de simmerske kryst sa't dy op it Súdlik Healrûn bestiet. Om in yndruk te jaan:
De fierdere kûpletten ferhelje oer wat der bart as de pick-uptruck mei syn bestjoerder arrivearret foar it fieren fan 'e kryst mei de hiele famylje.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|