Johannes Struiksma
Johannes Struiksma (Wommels, 10 juny 1878 – dêre, 28 oktober 1944) wie in Frysk keatser dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw fjouwer kear de PC wûn.
Johannes Struiksma | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johannes Struiksma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 10 juny 1878 | |
berteplak | Wommels (Fryslân) | |
stjerdatum | 28 oktober 1944 | |
stjerplak | Wommels (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | keatsen | |
debút | 1896 | |
karriêre-ein | 1923 | |
wichtige prestaasjes | ||
PC: 4× earste priis + 1× kening PC: 4× trêde priis |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeStruiksma waard yn 1878 berne yn Wommels, yn 'e doetiidske gemeente Hinnaarderadiel. Hy sette yn 1896 útein mei in karriêre yn it keatsen, en wûn yn 1898 foar it earst de PC yn Frjentsjer, mei in partoer dat fierders bestie út Johannes Bierma fan Sint-Jabik en Jan Reitsma sr. fan Penjum. It wie Struiksma dy't dat jiers ta kening fan 'e PC útroppen waard.
It jiers dêrop, 1899, wûn Struiksma mei itselde partoer de PC op 'e nij, mar doe waard Jan Reitsma sr. ta kening keazen. Yn 1899 die Struiksma op 7 maaie ek mei oan in keatspartij mei in list fan fjouwer partoeren ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Folkspark yn Ynskedee, dêr't er mei Jan Hermanus Knoll út Frjentsjer en Minze de Vries fan Bitgum de earste priis wûn.
Nei't er yn 1900 en 1901 op 'e PC twa kear op it trêde plak stykjen bleaun wie, wûn Struiksma dy wichtichste keatspartij fan it jier yn 1902 foar de trêde kear, doe mei Sijtze A. Kooistra en Jan Kuperus, dy't allebeide fan Wytmarsum kamen. Jan Kuperus waard doe kening. Yn 1903 hearde Struiksma foar de fjirde kear ta de winners fan 'e PC, as ûnderdiel fan in partoer dat fierders bestie út Jan Reitsma sr. fan Penjum (dy't ta kening útroppen waard) en Minze de Vries fan Bitgum.
Neitiid berikte Struiksma op 'e PC yn 1905 en 1911 nochris in trêde plak, wylst er yn 1904, 1907 en 1917 net fierder kaam as it fjirde plak. Fierders behelle er de trêde priis by in ynternasjonale keatswedstryd dy't op 23 july 1911 yn Ljouwert holden waard, yn 'e mande mei Klaas Reinder Terpstra fan Bitgum en Wybren Meinderts Kooistra fan Dokkum. Struiksma gie troch mei keatsen oant 1923, doe't er 45 jier wie. Yn totaal garre er 141 punten op foar it Ivich Keatsklassemint. It keningskip fan 'e PC, yn 1898, bleau syn iennichste. Hy kaam yn 1944 yn 'e âlderdom fan 66 jier yn syn berteplak Wommels te ferstjerren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |