Johannes Galenus Willem Hendrik van Sytzama
Mr. Johannes Galenus Willem Hendrik baron van Sytzama (Friens, Idaerderadiel (Beslingastate), 26 oktober 1830 - Oldebroek, 28 augustus 1907 yn huzinge Schouwenburg), wie boargemaster fan Tytsjerksteradiel (1858-1864) en rjochter yn Sutfen. Yn Tytsjerksteradiel wie er der opfolger fan jonkhear Hobbe Baerdt van Sminia, yn 1864 aard hy opfolge troch jonkhear Johan Æmilius Abraham van Panhuys.
Hy wie de soan fan Maurits Pico Diederik van Sytzama en Catharina van Haersma de With.
Libbensrin
bewurkje seksjeHouliken en bern
bewurkje seksjeHy troude yn Achtkarspelen, 6 oktober 1853 mei jonkfrou Sjoerdtje Wierdina van Haersma de With, (Ljouwert 24 juny 1824 - Warkum, 25 febrewaris 1866), dochter fan Daniël de Blocq van Haersma de With en Volkertina Adriana Heringa.
Johannes en Sjoerdtje krigen neikommende bern bekend:
- Volkertina Adriana van Sytzama (Tytsjerksterdiel, 20 septimber 1854 - Tytsjerksteradiel, 21 septimber 1854)
- Geertuid Anna Aletta van Sytzama (berne Tytsjerksterdiel, 26 april 1856)
- Daniel de Blocq van Sytzama (berne Tytsjerksterdiel, 29 april 1858)
- Maurits Pico Diderik van Sytzama (Tietjerksteradeel, 21 febrewaris 1860 - Tytsjerksterdiel 17 maart 1862)
- Catharina Johanna van Sytzama (berne Tytsjerksterdiel, 12 febrewaris 1862)
- Anna Maria Clara van Sytzama (berne Tytsjerksterdiel, 15 novimber 1863)
- Maria Anna van Sytzama (Warkum, 15 febrewaris 1866) - Warkum 16 febrewaris 1866)
Nei it ferstjerren fan syn frou troude Johannes yn Achtkarspelen, 29 maart 1867 mei syn snoar Catharina van Haersma de With (Ljouwert, 29 jannewaris 1826 - Sutfen, 22 oktober 1885), dochter fan Daniël de Blocq van Haersma de With en Volkertina Adriana Heringa.
Dit houlik bleau sûnder bern.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |