De With

efternamme
(Trochferwiisd fan Van Haersma de With)

De With (ek: Van Haersma de With) is in oarspronklik út Jutlân kommende famylje dêr't de leden fan sûnt 1841 ta de Nederlânske adel behearre.

Wapen fan it aadlik staach (1841)
De Berencamp

De stamrige begjint met Poul Christensen dy't tusken 1648 en 1673 wurdt. Syn soan Niels Poulsen True waard nei 1700 keapman yn Aarhus en trije soannen fan him giene yn tsjinst fan de Vereenigde Oostindische Compagnie, festigen harren dêrnei yn de Nederlannen en namen de namme De With oan. In efterbernsbern fan de stamheit, ritmaster Jan Minnema de With (1762-1820) boaske yn 1794 oan Catharina van Haersma (1764-1828) wêrnei't it neiteam him Van Haersma de With neame soe. By Keninklik Beslút fan 26 july 1841 waard in soan fan de lêste, mr. Daniel de Blocq van Haersma de With (1797-1857), ferheft yn de Nederlânske adel en mochten syn neisieten it predikaat jonkhear/jonkfrou fiere.

In broer fan Daniël waard net adele en waard de stamheit fan de net-adellike takke dy't yn 1911 yn it Nederlânsk Patrysjaat opnommen waard en dêr't fannijs opname folge yn 1933. De patrysjaatstakke is yn 1997 útstoarn.

Yn 2014 libben der noch twa manlike (aadlike) telgen: de chef de famille en syn soan.

Leden fan de famylje bewennen ûnder oare Haersmastate yn Bûtenpost, Salentein yn Nijkerk en Huis de Poll, mar wenje no allinne noch yn bûtenpleats De Berencamp ûnder Nijkerk.

Telgen (ûnfolslein)

bewurkje seksje

Jan Minnema de With (1762-1820), ritmaster, maire en skout fan Bûtenpost; boaske yn 1794 mei Catharina van Haersma (1764-1828)

  • Jhr. mr. Daniel de Blocq van Haersma de With (1797-1857), ûnder oare boargemaster
  • Cornelis Martinus van Haersma de With (1799-1869)
    • Johanna Maria van Haersma de With (1823-1869); troude yn 1852 mei mr. Epeus Manger Cats (1822-1896), boargemaster
    • Mr. Jan Minnema van Haersma de With (1825-1904), jurist, lid gemeenteried en wethâlder fan Ljouwert
      • Anna Frederica van Haersma de With (1856-1922); troude yn 1871 mei Epeus Anne Reinoud Lichtenvoort Cats (1848-1897), boargemaster
      • Cornelis Martinus van Haersma de With (1858-1888)
        • Jan Minnema van Haersma de With (1883-1952), bankdirekteur
          • Johanna Catharina Aurelia van Haersma de With (1910-1997), lêste telch fan de patrysjaatstakke
          • Mr. Arent Cornelis Livius van Haersma de With (1915-1988), lêste manlike telch fan de patrysjaatstakke
      • Gerrit Nicolaas van Haersma de With (1863-1901), boargemaster
  • Maria de With (1803-1878); troude yn 1823 mei mr. Wiardus Willem Buma (1802-1873), stamâlden fan de takke Van Haersma Buma fan it laach Buma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: