Jan fan Graham

(Trochferwiisd fan John de Graham)

Jan fan Graham (Ingelsk: John de Graham; Dundaff, 12?? – Falkirk, 22 july 1298) wie in Midsiuwsk Skotsk ridder, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy wie in meistanner fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider William Wallace, en sneuvele yn 'e Slach by Falkirk.

Jan fan Graham
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 1e helte 13e iuw
berteplak Dundaff (Skotlân)
stjerdatum 22 july 1298
stjerplak Falkirk (Skotlân)
dynasty Hûs Graham
etnisiteit Skotsk
Grêf fan Jan fan Graham. Falkirk, Old Parish Church

Graham waard yn 'e earste helte fan 'e trettjinde iuw berne by Dundaff, yn it greefskip Ayrshire, yn súdwestlik Skotlân. Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't yn 1296 útbriek, wied er in meistanner fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider William Wallace. Op 22 july 1298 sneuvele er yn 'e Slach by Falkirk tsjin it leger fan kening Edwert I fan Ingelân, dy't útrûn op in swiere nederlaach foar de Skotten. Hoewol't Wallace by dy gelegenheid sels oan dea en kriichsfinzenskip ûntkomme koe, rekke Skotlân dy deis ferskaten fan 'e meast foaroansteande oarlochslieders kwyt, wêrûnder Graham en Jan Stewart fan Bonkyll.

Graham leit begroeven yn 'e Alde Parochytsjerke fan Falkirk, yn 'e mande mei oare sneuvele frijheidsstriders. Dêr leit noch altyd syn grêfsark, mei dêrop de Skotsktalige tekst:

Here lyes Sir John the Grame, baith wight and wise,
Ane of the chiefs who rescewit Scotland thrise,
Ane better knight not to the world was lent,
Nor was gude Graham of truth and hardiment

"Hjir leit de ridder Jan fan Graham, sawol wichtich as wiis,"
"Ien fan 'e foaroanlju dy't Skotlân trijeris rêden hawwe,"
"In bettere ridder hat de wrâld nea sjoen,"
"Noch dy goede Graham syn oprjochtens en stoutmoedigens"

Graham syn namme waard letter ferivige troch de fyftjinde-iuwske minstreel Bline Harry, dy't him neamde yn syn masterwurk The Wallace. De buert Grahamston yn Falkirk is nei Graham ferneamd, en sadwaande ek it treinstasjon Grahamston dat yn dy buert leit.

Graham hie in soan dy't ek Jan fan Graham hiet. Dy troude nei 1355 mei Marije II, grevinne fan Menteith suo jure, de dochter fan Alan II, greve fan Menteith. Hja krigen in dochter, Margareta, dy't neitiid de titel 'grevinne fan Menteith' ervje soe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.