Jan Stewart fan Bonkyll
Jan Stewart fan Bonkyll (Ingelsk: John Stewart of Bonkyll; yn Skotlân, nei 1260 – Falkirk (Skotlân), 22 july 1298) wie in Midsiuwsk Skotsk ridder, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy wie in meistanner fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider William Wallace, en sneuvele yn 'e Slach by Falkirk. Fia syn soan Alan Stewart fan Dreghorn hearde kening Jakobus I fan Ingelân ta de neikommelingen fan Jan Stewart fan Bonkyll, en dêrmei ek alle lettere Ingelske en Britske monargen oant hjoed de dei ta.
Jan Stewart fan Bonkyll | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | nei 1260 | |
berteplak | ? (Skotlân) | |
stjerdatum | 22 july 1298 | |
stjerplak | Falkirk (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Stuart | |
etnisiteit | Skotsk | |
laird fan Bonkyll | ||
amtsperioade | 12?? – 1298 | |
foargonger | Margareta fan Bonkyll | |
opfolger | Aleksander Stewart fan Bonkyll |
Libben
bewurkje seksjeJan Stewart fan Bonkyll waard koart nei 1260 berne as in soan fan Aleksander Stewart, 4e grutsteedhâlder fan Skotlân, en dy syn frou, wa har namme oft net oerlevere is. Hy wie de jongere broer fan Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân, en waard troch syn houlik laird fan Bonkyll.
Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't yn 1296 útbriek, wie Jan Stewart fan Bonkyll in meistanner fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider William Wallace. Op 22 july 1298 sneuvele er yn 'e Slach by Falkirk tsjin it leger fan kening Edwert I fan Ingelân, dy't útrûn op in grutte nederlaach foar de Skotten. Yn dy fjildslach joech Stewart fan Bonkyll lieding oan 'e Skotske bôgesjitters, dy't weifage waarden troch de Ingelske swiere ruterij. Hoewol't Wallace by dy gelegenheid sels oan dea en kriichsfinzenskip ûntkomme koe, rekke Skotlân dy deis ferskaten fan 'e meast foaroansteande oarlochslieders kwyt, wêrûnder Stewart fan Bonkyll en Jan fan Graham. Stewart fan Bonkyll leit begroeven yn 'e Alde Parochytsjerke fan Falkirk, yn 'e mande mei oare sneuvele frijheidsstriders.
Houlik en neiteam
bewurkje seksjeJan Stewart fan Bonkyll troude mei Margareta fan Bonkyll, de erfdochter fan 'e ridder Aleksander fan Bonkyll. By har krige er 8 bern:
- Aleksander Stewart fan Bonkyll, ridder († 1319), waans soan wie: Jan Stewart, 1e greve fan Angus.
- Alan Stewart fan Dreghorn, ridder († 1333), sneuvele yn 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch yn 'e Slach by Halidon Hill; fan him stammen de greven fan Lennox ôf en fia harren Hindrik Stuart, hear fan Darnley, dy't troude mei keninginne Marije I fan Skotlân (in ôfstammelinge fan Jan Stewart fan Bonkyll syn broer Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân); harren soan, kening Jakobus VI fan Skotlân en I fan Ingelân, stamme dus yn 'e rjochte manlike line fan Jan Stewart fan Bonkyll ôf, en fia him alle Britske monargen oant hjoed de dei ta.
- Walter Stewart fan Garlies en Dalswinton, ridder († 13??); syn oerpakesizzer Marion Stewart troude mei in Stewart fan Jedworth; dy beiden wiene de stamâlden fan 'e Stewarts fan Garlies dy't letter de greven fan Galloway en hearen fan Blantyre waarden.
- Jakobus Stewart fan Pearston, ridder († 1333), sneuvele yn 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch yn 'e Slach by Halidon Hill; fan him stammen de Stewart-hearen fan Lorne, de Stewart-greven fan Atholl, de Stewart-greven fan Buchan, de greven fan Traquair en de haadlju fan 'e Clan Stewart fan Appin ôf.
- Jan Stewart fan Daldon, ridder († 1333), sneuvele yn 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch yn 'e Slach by Halidon Hill.
- Isabella Stewart, grevinne fan Moray († nei 15 july 1351), troude mei Tomas Randolph, 1e greve fan Moray
- Robert Stewart fan Daldowie, ridder (†13??), foarfaar fan James Steuart, 2e baronet fan Coltness
- Hugo Stewart, ridder († 13??)
Nei de dea fan Jan Stewart fan Bonkyll wertroude syn widdo nei't it skynt, mei't hja yn 1304 neamd wurdt as de frou fan 'e ridder David fan Brechin.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side. |