Kalifornyske mûsgoffer
De Kalifornyske mûsgoffer (wittenskiplike namme: Chaetodipus californicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e rûchhierrige mûsgoffers (Chaetodipus), dat lânseigen is yn 'e súdwestlike Feriene Steaten en noardwestlik Meksiko. Oer dit bistke is noch net folle bekend. De IUCN klassifisearret de Kalifornyske mûsgoffer as net bedrige.
Kalifornyske mûsgoffer | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Chaetodipus californicus | ||||||||||||
Merriam, 1889 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeDe Kalifornyske mûsgoffer komt foar yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje en op it oanbuorjende part fan it Kalifornysk Skiereilân yn noardwestlik Meksiko. Yn Kalifornje beslacht it ferspriedingsgebiet fan dit bist it Pasifysk Kustberchtme fan 'e Baaikrite by San Francisco yn it noarden ôf nei de Meksikaanske grins yn it suden ta. De Kalifornyske mûsgoffer komt yn Kalifornje ek foar yn it Oerdwerse Berchtme benoarden de stêdekloft fan Los Angeles en yn 'e legere dielen fan 'e Sierra Nevada, by de eastkant fan 'e Sintrale Delling lâns. Op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko omfettet it areaal fan 'e Kalifornyske mûsgoffer it diel fan it Skiereilânsk Berchtme by de noardwestkust lâns, fan it skiereilân El Vizcaíno yn it suden nei de Amerikaanske grins yn it noarden ta.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe Kalifornyske mûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 88–92 sm, mei in sturtlingte fan 102–143 sm en in gewicht fan 18–29 g. De sturt, dy't oan 'e ein in kwast hat, is in stik langer as it lichem. Der bestiet yn dizze soarte amper seksuele dimorfy, mei't mantsjes en wyfkes rûchwei deselde grutte hawwe. De pels is grizich op 'e siden, in kleur dy't op 'e rêch, kop en boppekant fan 'e sturt oergiet yn brún en oer de wringe útskaaiend nei swart. De bealch, kiel en ûnderkant fan 'e sturt binne wyt oant krêmkleurich. De Kalifornyske mûsgoffer wurdt gauris betize mei de San Diegomûsgoffer (Chaetodipus fallax), dy't deselde habitats bewennet mar ûnderskaat wurde kin oan syn lytsere en rûnere earkes.
Biotoop
bewurkje seksjeKalifornyske mûsgoffers libje yn drûge kontreien, lykas steppe en woastyn, wêrby't se de foarkar jouwe oan gebieten dy't begroeid binne mei boskjes strewelleguod. Se komme lykwols ek foar yn wâlden as dy net te tichtbegroeid binne.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeOer it hâlden en dragen fan 'e Kalifornyske mûsgoffer is frijwol neat bekend. It bistke liket fierhinne te bestean op in dieet fan sieden fan gerzen en krûden, mar hy fret, mooglik by gebrek oan better, ek wol blêden en ynsekten. Syn fretten garret er op yn syn eksterne wangpûden, dy't oan 'e bûtenkant fan syn wangen sitte, om it sa mei werom te nimmen nei syn hoale, dêr't er it guod letter yn alle rêst beplúzje kin.
Status
bewurkje seksjeDe Kalifornyske mûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Der moat lykwols al goed om dizze soarte tocht wurde, mei't syn bekende biotoop belunet troch klimaatferoaring en, fral yn Súdlik Kalifornje, de útwreiding fan stêden.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 8 (stân fan saken yn 2007) erkende ûndersoarten fan 'e Kalifornyske mûsgoffer (Chaetodipus californicus):
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|