Karnuntum
Karnuntum wie haadstêd fan de Romeinske provinsje Pannonia Superior. It lei oan de Donau, om-ende-by 35 km eastlik fan it tsjintwurdige Wenen.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme hat it Keltyske eftergrûn en wurdt foar it earst neamd as der yn 6 n.Kr. in Romeinsk legerkamp festige wurdt. Sa om it jier 40 hinne wurdt it XVe Legioen hjir legere. Yn de neite fan de militêre festing ûntstiet in sivile delsetting.
Yn 106, ûnder keizer Trajanus, wurdt Karnuntum ta haadstêd fan de nijfoarme provinsje Pannonia Superior en dêrmei setel fan de gûverneur. Fan keizer Hadrianus krige it plak yn 124 de status van municipium (Municipium Aelium Carnuntum). Karnuntum wie ek in wichtige haven foar de Donaufloat.
De gûverneur fan Karnuntum Septimius Severus wurdt yn 193 troch it leger ta keizer útroppe. Koart dêrnei krijt de stêd de status fan colonia (Colonia Septimia Aurelia Antoniniana Carnuntum). Sûnt dy tiid folget in tiidrek fan grutte bloei en nimt it tal ynwenners ta oant likernôch 50.000.
Op 11 novimber 308 fynt yn Karnuntum de Konferinsje fan Karnuntum plak tusken Diokletianus, Maksimianus en Galerius. Lykwols rekket Karnuntum troch in bestjoerlike weryndieling fan it Romeinske ryk har status kwyt as provinsjehaadstêd. Stadichoan set yn de 4e iuw it ferfal yn en om 430 loeken it Romeinske leger, en dêrmei de Romeinen, har tebek út Karnuntum.
Letter yn de skiednis sil op de lokaasje fan Karnuntum gjin festiging fan ienige betsjutting mear weromkomme. De restanten fan de stêd lizze tsjintwurdich yn in iepen lânskip tusken Petronell-Karnuntum en Bad Deutsch-Altenburg, gâns ferspraat oer in oerflak fan 10 km².
Nijsgjirrichheden
bewurkje seksjeOant fier yn de 18e iuw waarden de ruïnes fan Karnuntum brûkt as stiengroeve. Sûnt 1850 waard in begjin makke mei archeologyske opgravings dy't oant en mei distiid trochgeane. Yn 1904 waard yn Bad Deutsch-Altenburg it Museum Karnuntinum iepene. In grut part fan it gebiet is troch de oerheid oankocht en yn 1996 ûnderbrocht yn it Archäologischer Park Carnuntum. Hjir is in protte te sjen út de Romeinske tiid, neist it museum en in ferfallen triomfbôge (de Heidentoer), û.a. de restanten fan de amfiteaters en fan de termen.