Koloanjetsjerke (Wilhelminaoard)
De Koloanjetsjerke (ek bekend ûnder de namme Herfoarme tsjerke) is in tsjerkebou yn Wilhelminaoard yn de provinsje Drinte.
Koloanjetsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Westerfjild | |
plak | Wilhelminaoard | |
adres | Ken. Wilhelminaleane 53 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1851 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 37497 |
Skiednis
bewurkje seksjeYn it begjin fan de 19e iuw stifte de Maatskippij fan Woldiedichheid yn it ramt fan de bestriding fan earmoede in pear koloanjes yn it súdwestlike diel fan Drinte. Dêr krigen earme hûshâldings út it hele lân in lapke grûn en in wente sa't hja harren wat rêde koene. De Maatskippij fan Woldiedichheid wie net in tsjerklike organisaasje, mar achte de tsjerkegong wol wichtich. Neffens de stifter fan de organisaasje, Johannes van den Bosch, koe godtsjinstoefening de seedlikens fan de bewenners ferbetterje.
Ynearsten gongen de bewenners nei tsjerken út de omkriten, lykas dy fan Fledder en Stienwikerwâld. It stie de kolonisten net frij om thús te bliuwen, as hja net gyngen krigen se in boete fan twa stuorren oplein. Om't de doarpen nochal fier leine en it tal kolonisten oanwoeks waarden der letter ek yn de koloanjes tsjerken boud.
De herfoarme tsjerke fan Wilhelminaoard waard yn 1851 boud. De earste stien waard op 1 april 1851 lein troch jonkhear Jan Cornelis Reinier van Hoorn van Burgh, bestjoerslid en sekretaris fan de Maatskippij fan Woldiedichheid. De tsjerke waard boud mei stipe fan it ryk en is in saneamde wettersteatstsjerke.[1]
Mei it ferstjerren fan de lêste dûmny yn 2008 hefte de herfoarme gemeente him op. Op snein 31 maaie 2009 waard der foar it lêst in tsjinst holden. De tsjerke en de njonkenlizzende pastorij binne eigendom fan de Maatskippij fan Woldiedichheid en ryksmonumint. De tsjerke is yn de jierren 2014-2015 restaurearre.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt ynterieur fan de tsjerke is tige ienfâldich. De preekstoel en inkelde banken datearje út de 19e iuw.
Yn it tuorke hinget in klok út 1819, dy't getten is troch Petit en Fritsen.
Oargel
bewurkje seksjeIt ienmanualich oargel mei oanhongen pedaal waard boud troch H. van der Molen út Stienwyk. It ynstrumint is in ryksmonumint en yn 2014 troch Van Vulpen út Utert restaurearre.
Ofbylden
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|