De Koreaanske hazze of Koreähazze (wittenskiplike namme: Lepus coreanus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus), dat inkeld foarkomt op it Koreaanske Skiereilân. Mei û.o. de (gewoane) hazze (Lepus europaeus) heart dizze soarte ta it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagos). Lang waard de Koreaanske hazze beskôge as in ûndersoarte fan oare hazzesoarten, mar nij ûndersyk hat útwiisd dat it om in selsstannige soarte giet. Troch de IUCN wurdt de Koreaanske hazze klassifisearre as net bedrige.

Koreaanske hazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus coreanus
Thomas, 1892
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Koreaanske hazze waard yn 1892 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch Oldfield Thomas. Lang waard dit bist beskôge as in ûndersoarte fan in oare hazzesoarte. Sa waard de Koreaanske hazze yn 1974 noch ta de ûndersoarten fan 'e Japanske hazze (Lepus brachyurus) rekkene, wylst er yn 1978 sjoen waard as in ûndersoarte fan 'e Sineeske hazze (Lepus sinensis). In stúdzje nei it mitogondriaal DNA fan 'e Koreaanske hazze, wêrfan't de útkomsten yn 2010 publisearre waarden, wiisde lykwols út dat it in selsstannige soarte is.

Fersprieding

bewurkje seksje

De Koreaanske hazze is yn syn fersprieding beheind ta it Koreaanske Skiereilân. Dit bist komt foar yn hiel Súd-Koreä en Noard-Koreä, útsein Djedjû en ferskate oare eilannen foar de kust. Dêrnjonken is er ek lânseigen yn in lytse súdeastlike grinskrite (mei Noard-Koreä) fan 'e Sineeske provinsje Jilin.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De Koreaanske hazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 45–54 sm, mei in sturtlingte fan 2–5 sm en in gewicht fan 2,1–2,6 kg. De lingte fan 'e earen bedraacht 7,6–8,3 sm. De pelskleur fariëarret in bytsje fan it iene ta it oare yndividu, mar is ornaris dûnkerbrún oant griisbrún.

Koreaanske hazzen komme foar op flakten, yn healiepen gebieten mei strewelleguod en yn bercheftige kriten. Lânbougrûnen mei rysfjilden mije se oer it algemien. De populaasjetichtens bedraacht yn 'e bergen 4 eksimplaren de km².

De Koreaanske hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande dat waard dit bist yn 2018 troch it Súdkoreaanske Ministearje fan Miljeu foardroegen as kandidaat foar de status fan bedrige soarte. Yn Súd-Koreä is de Koreaanske hazze yn guon kriten in pleachdier, mei't er de koarnrispinge skansearret en pjiskebeammen skansearret troch de beamskoars oan te fretten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.