Kristlike Muzykferiening Advendo (Frjentsjer)
De Kristlike Muzykferiening Advendo (Nederlânsk en offisjeel: Christelijke Muziekvereniging Advendo) is in muzykkorps yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It waard oprjochte yn 1922 en bestiet út in opliedingsorkest en in A-orkest, dy't allebeide ûnder lieding steane fan dirigint Siemen Hoekstra. De feriening is in harmony-orkest, dat behalven it slachwurk en de koperblaasynstruminten dy't fanfares en brassbands hawwe, ek beskikt oer houtblaasynstruminten, lykas klarinet, dwersfluit, hobo en fagot.
Kristlike Muzykferiening Advendo Christelijke Muziekvereniging Advendo | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | CMV Advendo | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | hafabramuzyk | |
fêstige yn | Frjentsjer (Fryslân) | |
oprjochte | 1922 | |
offisjele webside | ||
www.advendo-franeker.nl |
Advendo fersoarget yn Frjentsjer elts jier twa fêste optredens, te witten it Foarjierskonsert en it konsert ûnder de Agraryske Dagen, dy't yn septimber fierd wurde. Fierders ferlient it muzykkorps elts jier ek syn meiwurking oan 'e Nasjonale Deadebetinking yn Frjentsjer, op 4 maaie, de yntocht fan 'e Fjouwerjûnetocht (better bekend ûnder Nederlânske beneaming Avondvierdaagse), de yntocht fan Sinteklaas, en de Krystnachttsjinst yn 'e Martinytsjerke. Yn 2018 fersoarge Advendo ek ûnder de Akademyske Dagen in konsert, dat holden waard yn 'e iepen loft op 'e Bredepleats.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|