Lânbouskip
It Lânbouskip (Nederlânsk en offisjeel: Landbouwschap) wie in publyksrjochtlike bedriuwsorganisaasje foar de lân- en túnbou, dy't bestie fan 1954 oant 2001.[1][2] De organisaasje wie in oerlisorgaan foar belangeferienings fan boeren en túnkers, de oerheid en de fakbûnen fan wurknimmers yn 'e agraryske sektor,[1][2] mar funksjonearre benammen as koepelorganisaasje foar de ferpyldere lânboubûnen.[2] Doe't dy yn 'e 1990-er jierren fúzjearren ta LTO Nederlân, ferdwûn dêrmei fierhinne de besteansreden foar it Lânbouskip.[1][2]
Lânbouskip Landbouwschap | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | oerlisorgaan | |
wurkmêd | lân- en túnbou | |
haadkertier | De Haach (Súd-Hollân) | |
oprjochte | 1954 | |
opdoekt | 2001 | |
fuortk. út | Stifting foar de Lânbou | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Skiednis
bewurkje seksjeIt Lânbouskip waard yn 1954 oprjochte[1][2] as opfolger fan 'e Stifting foar de Lânbou, dy't fan 1945 ôf bestien hie.[1] It wie de earste publyksrjochtlike organisaasje (PBO),[1] dy't bedoeld wie as trijefâldich oerlisorgaan foar de oerheid, de belangeferienings fan boeren en túnkers, en de fakbûnen fan wurknimmers yn 'e agraryske sektor.[1][2] De organisaasje hie in opbou dy't karakteristyk wie foar it tiidrek fan 'e Ferpyldering yn Nederlân: oan 'e basis, mank de leden, bestie der in strikt hanthavene skieding tusken de pylders, wylst oan 'e top de bestjoerders fan 'e ferpyldere belangeferienings mei-inoar om 'e tafel giene om foar de nedige koördinaasje te soargjen.[2]
Nettsjinsteande it feit dat ek de fakbûnen yn it Lânbouskip sit hiene, ûntjoech de organisaasje him meitiid ta in soarte fan koepelorganisaasje foar de ferpyldere lânboubûnen.[2] Dat wiene it roomske Katolyk Nederlânsk Boere en Túnkers Bûn (KNBTB), it liberale Keninklik Nederlânsk Lânbou-Komitee (KNLC) en it protestantske Kristlik Boere en Túnkers Bûn (CBTB).[2] Tagelyk joech it Lânbouskip dy organisaasjes ek tagong ta de polityk.[2] Om't der yn it Lânbouskip mei gelykheid fan stimmen wurke waard, profitearre benammen it CBTB dêrfan, dat fierwei de lytste fan 'e trije bûnen wie.[2] "In sechsde fan 'e leden, in trêde fan 'e ynfloed," sa omskreau it CBTB-bestjoer yn 1983 syn eigen sitewaasje yn it Lânbouskip.[2]
In reden foar de gearwurking tusken de ferpyldere boerebûnen wie it mienskiplike wantrouwen foar de bemuoisucht fan 'e oerheid oer.[1] Njonken kollektive belangebehertiging foar boeren en túnkers, rjochte it Lânbouskip him yn 'e praktyk benammen op lânboukundich ûndersyk en bestriding fan sykten by fee en yn lânbougewaaksen.[1] Fan 1956 ôf lei it Lânbouskip de Nederlânske boeren ferplichte heffings op om syn aktiviteiten te bekostjen.[1] In grutte groep saneamde 'frije boeren', dy't net by ien fan 'e trije ferpyldere boerebûnen oansletten wie, kante him dêrtsjin oan.[1] De protesten waarden fûleindiger doe't yn 1963 yn it Drintske Hollandscheveld de bedriuwen ûntromme waarden fan inkele boeren dy't wegeren de heffing fan it Lânbouskip te beteljen.[1] De wichtichste wurdfierder fan 'e protestearjende frije boeren wie Boer Koekoek.[1]
Fan 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren ôf belune de rol fan it Lânbouskip fanwegen de miljeuproblematyk yn 'e lânbou en de krimp fan 'e agraryske sektor.[1] Doe't yn 1995 it KNBTB, it KNLC en it CBTB fúzjearren ta LTO Nederlân,[1][2] rekke it Lânbouskip eins in grut part fan syn besteansreden kwyt.[1][2] By de (muoisume) ûnderhannelings om ta de fúzje te kommen, wie lykwols by wize fan kompromis, om alle partijen oan board te hâlden, ôfpraat dat dy organisaasje bestean bliuwe soe.[2] Nettsjinsteande dat moast it Lânbouskip nei 1995 almar mear fan syn foech en ferantwurdlikheden oan LTO Nederlân oerdrage, wêrmei't de organisaasje stadichoan fan binnenút útholle waard.[1] De fakbeweging wie min te sprekken oer dizze hiele ûntwikkeling, en hie de ferantwurdlike minister fan Lânbou Jozias van Aartsen al yn 1995 frege om it Lânbouskip op te heffen.[1] Tsjin 1998 draaide LTO Nederlân sa goed dat ek fanút de lânboubûnen net mear bot oan it fuortbestean fan 'e organisaasje hechte waard.[2] Yn desimber fan dat jier naam LTO Nederlân it haadkantoar fan it Lânbouskip oan it Prinsevinkenpark yn De Haach oer.[2] Uteinlik hold it Lânbouskip yn 2001 offisjeel op te bestean.[1][2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|