Dizze side giet oer it iepenbier-ferfiersbedriuw LAB. Foar foar lab yn 'e sin fan in ûndersyksynstitút, sjoch: laboratoarium.
Net te betiizjen mei LABO, Leeuwarder Auto Bus Onderneming yn Ljouwert út 1925.

De F.o.f. Ljouwerter Auto Bedriuw (LAB) yn Ljouwert wie in bedriuw dat fan 1920 - 1970 iepenbier ferfier mei autobussen fersoarge yn it westlik diel fan Fryslân.

LAB-garaazje yn Boalsert
LAB-bus 2 (Mercedes-Benz mei Hainje-karrossery, boujier 1965) by Makkum.
LAB-bus 17 út 1968, no museumbus.

Oprjochter wie Frans Kimp, dy 't fan 1920 ôf mei ien bus groepsferfier fersoarge en yn linetsjinsten starte fan Ljouwert nei Holwert (yn oansluting op de fearboat nei It Amelân) en Snits. Der kamen twa kompanjons by, sadat de firma yn 1927 Kimp, De Waard & Boontje hjitten gie, mar al gau waard de namme Ljouwerter Auto Bedriuw) brûkt. Oprjochter Kimp ferliet it bedriuw yn 1929.

Troch oername fan in tal oare busûndernimmings (as lêste de fa. Boonstra út Wommels yn 1941) en in lineruil mei de NTM yn 1949 krige it LAB-ferfiersgebiet syn úteinlike foarm yn de fjouwerhoeke Harns / Ljouwert / Snits / Makkum, nei it westen begrinze troch de Iselmar. De ferbining nei Holwert ( - It Amelân) foel dêr bûten; dizze wie yn 1942 oerdroegen oan de NOF yn Dokkum.

Troch LAB-gebiet ried nei de iepening fan de Ofslútdyk ek de busline fan NS-dochterûndernimming ATO fan Ljouwert oer Harns nei Alkmaar mei in sydtûke fan It Hearrenfean oer Snits. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden dizze linen, ûndanks protest fan de LAB, oerdroegen oan twa oare NS-dochters, NTM en NACO, dy't dêrmei twa haadferbiningen binnen it oan de LAB tawiisde ferfiersgebiet hienen.

Yn de jierren nei de oarloch konsolidearre him de posysje fan de LAB en fersoarge dit bedriuw fanút festigingen yn Ljouwert en Boalsert de linetsjinsten mei ûngefear 35 autobussen en 65 personielsleden. Dêrneist wie de LAB ek aktyf as touringcarbedriuw en hie him - mei de oare Fryske ferfierders NTM, NOF, ZWH en LABO - oansluten by de reisorganisaasje Cebuto.

Op 1 jannewaris 1971 gie de LAB op yn de FRAM troch in konstruksje dêr't de LAB earst by oergie nei de LABO, dy't sels wer oernomd wie troch NS-dochter NOF. It personiel kaam yn tsjinst fan de nije ûndernimming. Ek 34 LAB-bussen - fan de merken Mercedes-Benz, DAF en Leyland en foar it meastepart mei karrosseryen fan de Fryske busbouwers Hainje en Smit De Jouwer - waarden troch de FRAM oernomd.

Hjoed-de-dei (2013) wurde alle eardere LAB-linen eksploitearre troch Arriva.

Yn de kolleksje fan it Noardlik Bus Museum yn Wynskoat stiet de eardere LAB-bus 17, in DAF B1300 mei karrossery Smit De Jouwer, boud yn 1968.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jan Velstra Tzn. - Met de LAB op stap. Historie van het Leeuwarder Autobedrijf 1920-1970. Utjouwerij. Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2007. ISBN 978-90-330-0647-0