Leaffrouwetsjerke (Mainz)
De Leaffrouwetsjerke (Dútsk: Liebfrauenkirche, ek: Maria zu den Stufen, Maria ad Gradus; "Marije oan de Treppen") wie in goatyske tsjerke yn 'e Dútske stêd Mainz. De tsjerke stie eastlik fan 'e domtsjerke en waard yn 1807 ôfbrutsen. De tafoeging zu den Stufen (ad Gradus, "oan de Treppen") hie te meitsjen mei de hege trep, dy't fan it eastlike portaal nei de leger lizzende Fiskpoarte oan de Ryn late.
Leaffrouwetsjerke
Liebfrauenkirche (Maria ad Gradus) | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
plak | Mainz | |
adres | Liebfrauenplatz | |
koördinaten | 49° 59' N 8° 16' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Mainz | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
sloopjier | 1807 | |
boustyl | Gotyk | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOannommen wurdt dat aartsbiskop Willigis, de boumaster fan de Mainzer domtsjerke en de Stefanustsjerke, ek de stifter wie fan de Leaffrouwetsjerke. De brûnzen portaaldoarren fan it Merkportaal fan de domtsjerke hongen eartiids yn de Leaffrouwetsjerke en datearje nammentlik út de tiid fan Willigis.
Neffens in 11e-iuwske boarne waard it novi monasterii S.Mariae, it nije Marijekleaster, wijd. Oan it kleaster wie ek in munstertsjerke ferbûn, dy't op 17 april 1285 ôfbaarnde. In soad plak wie der net om de nije trijeskippige halletsjerke te bouwen; de steunbearen dy't oan de binnenkant fan de muorren waarden boud wize dêr op.
It oarspronlike plan wie om njonken de útstekkende apsis twa tuorren te bouwen, mar dêrfan is allinne de bou fan in noardlike toer útfierd. De tsjerke krige krúsribferwulften en de kapitelen fan de pilaren hiene blêdmotiven.
Ferneatiging
bewurkje seksjeBy bestjittings troch it Prusyske leger yn 1793 rekke de tsjerke skansearre. It behâld fan de tsjerke wie wrachtsjes mooglik, mar ûnder Frânske besetting net oan de oarder. Biskop Joseph Ludwig Colmar koe net alle Mainzer tsjerken rêde en boppedat stie de tsjerke yn it paad foar de oanlis fan de Grande Rue Napoléon (de Ludwigsstrasse). Yn 'e jierren 1803 oant 1807 waard de tsjerke sloopt en de frijkommende stiennen waarden ferkocht foar de oanlis fan de fêsting en it ferbetterjen fan de Finther Landstrasse.
Tichteby it eastlike koer fan de domtsjerke op it hjoeddeiske Liebfrauenplatz binne ta neitins de sânstiennen omkanten fan de tsjerke yn de grûn te sjen. It plak fan it koer is yn 'e foarm fan in muorre te werkennen.
Oantinkens
bewurkje seksjeDe portaalbylden fan de tsjerke wurde yn it Landesmuseum Mainz bewarre. Yn it Merkportaal fan de domtsjerke hingje de brûnzen doarren, dy't earder yn it portaal fan de Leaffrouwetsjerke hongen. In út 1420 datearjend byld fan Marije mei in mei in fûgel boartsjende Jezus op har skoat koe yn 1807 op 'e tiid út de baarnende tsjerke helle wurde. It byld stiet hjoeddedei yn de Augustinertsjerke fan Mainz.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise en Literatur, op dizze side.
|