Lisa Kelly (frachtweinsjauffeur)

Lisa Kelly (Grand Rapids (Michigan), 8 desimber 1980) is in Amerikaansk frachtweinsjauffeur fan etnysk Iersk komôf. Se krige bekendheid doe't se yn 2009 as iennichste frou dielnaam oan 'e realitytillefyzjesearje Ice Road Truckers. Neitiid wie se ek te sjen yn 'e spin-off-rige Deadliest Roads.

Lisa Kelly (frachtweinsjauffeur)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lisa Kelly
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 desimber 1980
berteplak Grand Rapids (Michigan)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
berop/amt frachtweinsjauffeur
aktyf as tillefyzjepersoanlikheid
reden
  bekendheid
naam diel oan ferskate
   realitytillefyzjesearjes
offisjele webside
www.thelisakelly.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Kelly waard ein 1980 berne yn Grand Rapids, yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Doe't se seis jier wie, ferhuzen har âldelju mei har nei in lyts boerespultsje yn Sterling, yn 'e steat Alaska, dêr't se fierder opgroeide. As tiner kearde Kelly werom nei Grand Rapids foar in stúdzje oan 'e Cornerstone Universiteit dêre, mar nei ien semester besleat se dat studearjen neat foar har wie en briek se har stúdzje ôf.

Neitiid wurke Kelly as sjauffeur fan in skoalbus, as meiwurkster by in benzinestasjon en as pytsabesoarchster. Teffens die se oan motorcross, en wie se in jier de freestyle motorcrosskampioene fan Alaska. Uteinlik besleat se har ta te lizzen op in karriêre as frachtweinsjauffeur, om't dat har, yn har eigen wurden, "ynteressant taliek". Se helle har grut rydbewiis en fûn in baan by it bedriuw Carlile Transportation, in transportûndernimming yn Alaska. Neffens Kelly moast se, om't se in frou wie, twaris sa hurd wurkje om dy baan te bemachtigjen as har manlike kollega's.

Realitytillefyzje

bewurkje seksje

Yn 2009 wie Kelly foar it earst op 'e tillefyzje te sjen yn seizoen 3 fan 'e realitytillefyzjesearje Ice Road Truckers, oer frachtweinsjauffeurs dy't yn Kanada en Alaska by 't winter oer saneamde iiswegen (beferzen rivieren en marren) ride. Kelly foel op om't se de iennichste froulike sjauffeur wie oant Maya Sieber der yn seizoen 5 by kaam. Neitiid naam Kelly ek diel oan 'e seizoenen 4 en 5 (2010 en 2011) en 7 oant en mei 9 (2013-2015). Kelly waard ek frege foar seizoen 6 (2012), mar besleat doe in jier frij te nimmen.

Yn 'e mande mei har manlike kollega's Rick Yemm, Dave Redmond en Alex Debogorski naam Kelly yn 2010 en 2011 ek diel oan seizoen 1 en 2 fan Ice Road Truckers: Deadliest Roads, in spin-off-rige fan 'e oarspronklike searje. Dêryn waarden de frachtweinsjauffeurs de 'deadlikste diken' op stjoerd yn 'e Yndiaaske Himalaya (seizoen 1) en yn 'e Andes fan Bolivia, Perû en Sily (seizoen 2).

Priveelibben

bewurkje seksje

Nei't se fjouwer jier mei him omgien wie, troude Kelly yn 2008 mei har man Traves, in folbloed-Aleoet dy't in fûleindich dirtbiker is. Hja hawwe gjin bern. Kelly har hobbys binne motorcrossen, hynsteriden, skydiving, hanggliding en snowboarding. Se is de eigneresse fan in miniatuerhynder dat fan Rocky hjit en in kat mei as namme Tanzi. Kelly en har man wenje yn Wasilla, yn Alaska.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.