List fan bylden yn Ljouwert
Dit is in (ûnfolsleine) gronologyske list fan bylden yn Ljouwert. Under in byld wurdt hjir ferstien elk trijediminsjonaal fisueel keunstwurk yn de iepenbiere romte fan de gemeente Ljouwert, wêrby't byld brûkt wurdt as sammelbegryp foar skulptueren, stânbylden, ynstallaasjes en oare byldhouwurken.
It stânbyld fan Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg, bynamme Us Heit, is it âldste fan Ljouwert. It byld waard oan de stêd oanbean troch it Frysk Genoatskip en de Feriening foar frjemdlingenferkear. In 1906 waard it troch keninginne Wilhelmina, neisiet fan Willem Loadewyk, ûnthulle.[1]. It bekendste byld is sûnder mis dat fan Us Mem, in mear as libbensgrutte ferbylding fan in Fryske stamboekko (1954).
Yn de stêd stean meardere bylden fan âld-Ljouwerters as Mata Hari, Pieter Jelles Troelstra, J. Slauerhoff en Piet Paaltjens. De gemeente stimde yn 2003 net yn mei pleatsing fan in byld fan skriuwer Havank.[2] Der waard al in brûnzen tinkplaat oanbrocht op syn bertehûs oan de Wurdumerdyk.
Setten | Omskriuwing | Keunstner | Strjitte | Plak | Materiaal | Ofbyld |
---|---|---|---|---|---|---|
1906 | Us Heit | Bart van Hove | Hofplein, by stedhûs | Ljouwert | brûns | |
1916 | Monumint Waling Dykstra | Pier Pander | Ljouwert | |||
1923 | Merkuriusfontein | Gustave-Adolf Bredow | Saailân | Ljouwert | brûns | |
1935 | Christus Koning | Wim Harzing | by Bonifatiustsjerke | Ljouwert | natuerstien | |
1954 | Us Mem | Gerhardus Jan Adema | Ljouwert | brûns | ||
1955 | Oarlochsmonumint Wol forbûke net forslein |
Auke Hettema | Prinsetún | Ljouwert | brûns | |
1955 | Th.M. van Welderen Rengers | Hildo Krop | Westerplantaazje | Ljouwert | brûns | |
1962 | Pieter Jelles Troelstra | Hildo Krop | Aldehoustertsjerkhôf | Ljouwert | brûns | |
1964 | Fûgels (fontein) | Chris Fokma | Jeropaplein | Ljouwert | brûns | |
1965 | Bijekoer | Willem Valk | Westerplantaazje | Ljouwert | brûns | |
1965 | Jonge mei fûgeltsje | Maria van Everdingen | Rengerspark | Ljouwert | brûns | |
1966 | Iisfretter of Alvestêderider | Auke Hettema | Heliconwei by WTC | Ljouwert | brûns | |
1969 | It Húsrieme Tinken | Ybe van der Wielen | Bûterhoeke | Ljouwert | ||
1971 | Bern bouwe troch | Maria van Everdingen | Sophialeane | Ljouwert | ||
1972 | Setel fan de Ryks Belestingen | Hein Kocken | Tesselschadestrjitte | Ljouwert | brûns | |
1973 | sûnder titel | Herman van der Heide | Vondelstrjitte | Ljouwert | ||
1975 | Lejzer Zamenhof | D. Blanksma | Pasteurwei | Ljouwert | ||
1975 | Hynder mei akrobate | Guus Hellegers | Eeskwert | Ljouwert | brûns | |
1976 | Mata Hari | Suze Boschma-Berkhout | Oer de Kelders | Ljouwert | brûns | |
1976 | Frou mei bern | Joop Hekman | Prinsessehof | Ljouwert | brûns | |
1977 | Weitsjende guozzen | Hein Kocken | Holstmarwei | Ljouwert | ||
1978 | Feekeaplju | David van Kampen | Snitserkade | Ljouwert | ||
1979 | De Tsjernster | Jits Bakker | efter de Waach | Ljouwert | brûns | |
1981 | It Fryske Hynder | Auke Hettema | Nijstêd | Ljouwert | brûns | |
1981 | Anne Vondeling | Jentsje Popma | hoeke Lytse Tsjerkestrjittte/Nijstêd | Ljouwert | brûns | |
1981 | De Koerierster of Frou op itenstocht | Tineke Bot | Ljouwert | brûns | ||
1982 | Túnker | David van Kampen | Huzum-Doarp | natuerstien | ||
1983 | De Fries of Fuotballerke | Suze Boschma-Berkhout | Ljouwert | brûns | ||
1983 | Betonkronkel | Beb Mulder | Wollegaast | Ljouwert | beton | |
1984 | sûnder titel (groep minsken) | Annet Haring | Harnzertrekwei | Ljouwert | brûns | |
1985 | sûnder titel ("Stalingoargel" | Bert Meinen | Tesselschadestrjitte | Ljouwert | ||
1986 | Piet Paaltjens | Jentsje Popma | Ljouwert | brûns | ||
1986 | Peal | Ids Willemsma | Pieter Stuyvesantwei | Ljouwert | ||
1987 | Us hûnen | Gerda van der Bosch | Rengersleane | Ljouwert | brûns | |
1987 | Joadsk monumint | Kees van Renssen | A.S. Levissonstrjitte 40 | Ljouwert | ||
1987 | sûnder titel | Ids Willemsma | Twibaksmerk/Alde Easterstrjitte | Ljouwert | ||
1988 | Betje/Roosje Cohen | Karianne Krabbendam | Ljouwert | brûns | ||
1990 | Boatsje | Tjibbe Hooghiemstra | Ouddeelstrjitte 9 | Ljouwert | ||
1990 | sûnder titel | Gerlof Hamersma | Prinsetún | Ljouwert | ||
1992 | J. Slauerhoff | Ben van der Geest | Douwe Kalmaleane 2 | Ljouwert | ||
1992 | sûnder titel | Auke de Vries | Rengersleane | Ljouwert | ||
1993 | L'Autonome | Schabracq & Postma | Jelsumerstrjitte | Ljouwert | ||
1993 | De deadenwacht | G.J. Tuink | Rengerspark | Ljouwert | brûns | |
1996 | Zig Zag | Eja Siepman van den Berg | Prinsetún | Ljouwert | brûns | |
1996 | Bicornis | Tilly Buij | Lyclamastins | Ljouwert | ||
1999 | It Geheimke | Bert Kiewiet | Trosvadrik 2, Erasmushiem | Ljouwert | brûns | |
2004 | Transluceo | Tine van de Weyer | Potmarge | Ljouwert |