Ljochtoranje, ek weboranje of ynternetoranje neamd, is in kleur dy't beskôge wurde kin as in ljochte tint fan oranje of, wat ek mooglik is, as in dûnkere tint fan giel. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is ljochtoranje in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan read mei grien ljocht. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, produsearre troch de ferminging fan giele mei magintakleurige ferve of inket.

ljochtoranje
kleurkoördinaten
heksadesimaal #FFA500
RGBª (rgb) (255, 165, 0)
CMYKº (cmyk) (0, 35, 100, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Ljochtoranje en oranje

bewurkje seksje

Yn it X11-systeem fan webkleuren wurdt ljochtoranje feitliks 'oranje' neamd. Ornaris wurdt mei oranje lykwols in dûnkerder tint fan deselde kleur bedoeld, dy't it oranje fertsjintwurdiget sa't dat yn 'e kleuresirkel foarkomt:     . Ljochtoranje hâldt de midden tusken oranje en amber, dat in nei oranje niigjende tint giel is.

Tinten ljochtoranje

bewurkje seksje
ljochtoranje #FFA500                         
amber #FFBF00       
guttegom #E49B0F       
mandaryn #F28500       
Princeton-oranje1 #FF8F00       
sinesapelskyl #FF9F00       
UT-oranje2 #FF8200       
woarteloranje #ED9121       

1) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Princeton
2) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Tennessee (UT)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.