Ljouwerter Bosk
De Ljouwerter Bosk (Nederlânsk en offisjeel: Leeuwarder Bos) is in bosk yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân, dy't yn 'e gemeente Ljouwert leit, fuort oan 'e noardrâne fan 'e stêd Ljouwert, grinzgjend oan 'e wyk Bilgaard. De bosk is bedoeld as rekreaasjegebiet. De VVV omskriuwt it as 'in moai stikje natoer, dêr't hûnen lekker har gong gean kinne."
Ljouwerter Bosk Leeuwarder Bos | ||
De bosk yn 2019 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert (gemeente) | |
neiste plak | Ljouwert (stêd) | |
oare ynformaasje | ||
status | rekreaasjebosk | |
oerflak | 140 ha | |
stifting | 1996 | |
behear | Gemeente Ljouwert | |
webside | www.leeuwarderbos.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeDe oanplant fan 'e Ljouwerter Bosk wie in inisjatyf fan 'e FACE Foundation, in stifting dy't oeral yn 'e wrâld bosken oanplantet by wize fan kompinsaasje foar de útstjit fan koalstofdiokside. (FACE is in ôfkoarting fan Forest Absorbing Carbondioxide Emissions, "Wâld Absorbearret Koalstofdiokside Utstjit".) De oanlis fan 'e Ljouwerter Bosk begûn yn 1992. Yn 1996 wie de bosk klear en koed er iepene wurde foar it publyk.
Yn 2016 -2017 is twa hektare fan de bosk feroare yn in 'fiedselbosk'. [1]
Beskriuwing
bewurkje seksjeUnderwilens is de Ljouwerter Bosk útwoeksen ta in gebiet mei in oerflak fan 140 ha, in multyfunksjoneel karakter en in soarterike floara en fauna. Behalven de oarspronklike funksjes fan koalstofdiokside-opname en rekreaasje, is it tsjintwurdich ek wichtich foar de natoer, en hat it bykommende funksjes krigen op it mêd fan lânskipsbehear en houtproduksje. De bosk wurdt trochsnien troch sân- en skulpepaden, en omfiemet ek stikken greidlân. It gebiet is tagonklik fanôf in (fergees) parkearterrein oan 'e Fjouwerthústerwei.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|