Loftwachttoer 6H3 - Aldemardum

(Trochferwiisd fan Loftwachttoer Aldemardum)

De Loftwachttoer fan Aldemardum is in loftwachttoer (postnûmer 6H3) dy't yn 1953 boud waard troch it Korps Loftwachttsjinst (KLD), in ûnderdiel fan de Keninklike Loftmacht.

Loftwachttoer Aldemardum

It korps bestie al foar de Twadde Wrâldkriich, mar waard yn de jierren '50 fan de 20e iuw wichtiger fanwege de Kâlde Oarloch. De lieding wie yn hannen fan beropsmilitêren, it wurk waard dien troch frijwilligers. Dy moasten de loft yn 'e gaten hâlde en ûnbekende fleantugen trochjaan, benammen leech fleanende fleanmasines dy't ûnder de radar troch fleinen. De letters KLD waarden ek wol ferklearre mei Kijken-Luisteren-Doorgeven. De bemanning krige spesjale ynstruminten om rjochting en hichte te bepalen. De tuorrren hienen in eigen ferbining, fanwege mooglike spionaazje gie dit net oer it PTT-netwurk. De sintrale Fryske post siet yn de bunker fan de Prinsetún yn Ljouwert

Yn hiel Nederlân waarden sokke betonnen útsjochtuorren neffens in standert ûntwerp boud op plakken dêr't noch gjin bouwurken mei in heech útsjoch wienen. Meast waard dat dien troch Schokbeton út Kampen. De tuorren stiene 14 kilometer út inoar. Yn Nederlân stienen der sa'n 500. Omdat der yn Fryslân net folle hege gebouwen stiene, waarden spesjale útsjochtuorren oanlein yn Grou, Ingelum, Minnertsgea, Rie en Ypekolsgea.

Neidat de KLD 1968 opheft waard, waarden de measte tuorren fanwege oerstalligens sloopt. Yn Fryslân bleau allinnich dy fan Aldemardum oan de Wammerterreed bewarre. Yn de toer sit ek in skûlnis omten mei de koptelefoan. Der waarden ek geregeld oefeningen hâlden. Yn 1992 waard de toer restaurearre en is no partikulier besit.

De toer is sawat 14 meter heech en is setten op in hichte fan sa'n 12 meter (op it heechste punt fan Gaasterlân), sadat de eachhichte fan in persoan op de toer hast 30 meter boppe it meanfjild is. Dat der kin sawat 8 kilometer yn de gaten hâlden wurde.

Keppeling om utens bewurkje seksje